Oldenswort
| Oldenswort | ||
| De gemeente Oldenswort (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Eiderstedt | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.270 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 45,84 km² | |
| Befolkingsticht. | 28 ynw./km² | |
| Hichte | 0 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25870 | |
| Offisjele webside | ||
| www.oldenswort.de | ||
| Kaart | ||
Oldenswort (Deensk: Oldensvort) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. De gemeente Oldenswort makket diel út fan it amt Eiderstedt en hat 1.270 ynwenners (2024).
Gemeenteyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken it tsjerkedoarp Oldenswort lizze ek de buorskippen Altendeich, Hemmerdeich, Süderdeich, Osterende en Hochbrücksiel yn 'e gemeente.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Oldenswort stammet mooglik ôf fan 'e namme Olde Warft (âlde terp). In dúdlike delsetting ûntstie pas om it jier 1000 hinne. Oldenswort stie al lang bekend en krige al gau de status fan in flekke, in rjocht dat it plak yn 1800 wer ferlear. Yn it jier 1205 waard it plak foar it earst offisjeel neamd. Yn 1252 lâne de Deenske kening Abel by de kapel om oarloch te fieren tsjin de ynwenners fan Eiderstedt, dy't him net as harren hear huldigje woene. Dy oarloch einige foar kening Abel yn in ramp. Lykas Helmold fan Bosau yn syn kronyk beskriuwt: "hy foel mei it grutste part fan syn leger".
Yn 'e Sint-Marsellusfloed (1362) rûn Oldenswort swiere skea op. Doe't yn 1415 en 1416 de ynwenners fan Ditmarschen it lân ynfoelen, waard it plak ferneatige en baarnde it folslein ôf. Ek doe't de keizerlike troepen yn 'e Tritichjierrige Kriich it lân teheisteren, waard Oldenswort rekke. Yn 'e Grutte Noardske Kriich omsingelen de Denen, Russen en Saksen de Sweden, dy't har yn 'e fêsting Tönning skûlholden, wat ek foar Oldenswort negative gefolgen hie. Yn itselde jier waard der in konvinsje sletten tusken Peter de Grutte en kening Freark IV fan Denemark en Noarwegen.
Yn it jier 1784 baarnde in grut part fan 'e flekke ôf, mar al gau fûn werbou plak. Letter ferlearen in soad ynwenners harren besit mei't de Deenske steat yn 1815 bankrot gie, mei as gefolch dat it gemeentlike gebiet letter hast mei de helte kromp.
It kerspel Oldenswort makke diel út it hartochdom Sleeswyk, mar sûnt 1867 hearde Oldenswort, krekt as de rest fan it gebiet, by de Prusyske provinsje Sleeswyk-Holstein.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Pankratiustsjerke fan Oldenswort is oarspronklik in romaanske bouwurk út de 12e iuw.
- It Hearehûs Hoyerswort is in renêssânse bouwurk mei in dûbele grêft. It waard yn 'e 16e iuw troch de Deenske stêdhâlder Caspar Hoyer boud, dêr it hûs ek de namme oan ûntliend.
- De mûne Catharina is in bultmûne út 1786.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
