Alde Lauwers
Appearance
(Trochferwiisd fan Olde Lauwers)
De Alde Lauwers (Kollumerlânsk en offisjeel: Olde Lauwers) is in feart yn de gemeente Kollumerlân. It is in part fan de Lauwers mar trochdat it measte wetter rjochting de Fryske slûs troch it letter groeven Sylsdjip rint hat dit part in aparte namme krige. De Alde Lauwers rint op de grins mei de Grinslânske gemeente Gryptsjerk en rint westlik om de Wiersmapolder en de polder Grypstsjerk-Lauwers hinne, by it buorskip Leechte lâns, om eastlik wer op it Sylsdjip út te kommen.
De namme Olde Lauwers jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Lauwers.