Old First Reformed Church

Ut Wikipedy
Herfoarme Nederlânske Tsjerke fan Breukelen

Reformed Dutch Church of the Town of Breukelen

bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat New York
stêd New York
stedsdiel (borough) Brooklyn
plak 126 7th Avenue
koördinaten 40°40′24″ N 73°58′35″ E
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 18881893
arsjitekt George L. Morse
offisjele webside
oldfirstbrooklyn
kaart
Old First Reformed Church (New York)
Old First Reformed Church

De Old First Reformed Church, offisjeel de Reformed Dutch Church of the Town of Breukelen (Herfoarme Nederlânske Tsjerke fan Breukelen), is in Nederlânsk herfoarmd tsjerkegebou oan de 126 7th Avenue op de hoeke fan Carroll Street yn it Park Slope-kertier fan Brooklyn, New York.

De gemeente waard as ien fan de earste herfoarme gemeentes fan New York yn 1654 stifte troch Nederlânske kolonisten. Yn dat jier liet gûverneur Pieter Stuyvesant trije tsjerken bouwe: ien yn Flatbush, ien yn Flatlands en ien yn Park Slope. De gemeente kaam ynearsten ûnder in beam by inoar, letter yn in skuorre en yn 1666 waard de earste tsjerke boud yn it doedestiidske Breukelen, wat no Fulton Street hjit. Nei in iwu waard de tsjerke ferfongen in nij tsjerkhôf oanlein. Mear feroarings folgen yn de 19e iuw.

Op de hjoeddeiske lokaasje waard yn de jierren 1888–1893 de neogoatyske tsjerke neffens in ûntwerp fan de arsjitekt George L. Morse boud. De gevel en de toer binne fan Indiana-kalkstien boud en de tsjerke rêst op in graniten basis.

De tsjerke is goed 30 meter breed en in lytse 50 meter lang. De toer mei spits is krapoan 65 meter heech.

It gebou waard yn 1998 tafoege oan it National Register of Historic Places.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Skiednis op de side fan Oldfirst