Okarina

Ut Wikipedy
Okarina.

In okarina is in fluit dy't meast makke wurdt fan bakte klaai. De okarina kin lykwols ek fan porslein of glês makke wurde. De foarm fan in okarina is meast aaifoarmich en it ynstrumint is oan de binnenkant hol. It wurdt mei beide hannen bespile en hat tusken de 8 en 10 fingergatten fan ferskillende grutte en (meastentiids) in tommegat.

De okarina is in ienfâldich ynstrumint en ornaris net geskikt om mei oare muzykynstruminten op te spyljen, troch syn stimming (of it missen dêrfan); nei it bakken is it mar ôfwachtsjen hoe't de stimming útfalt.

Natuerkundich falt it lûd fan de okarina op troch it hast hielendal ûntbrekken fan boppetoanen: it is in goed beneikommen fan de sinusoïde weachfoarm.