Springe nei ynhâld

Offingaburg

Ut Wikipedy
Offingaburg 1723
Offingaburg 2009

Offingaburg, ek Offingastate, Offingahûs, Aebingastate wie in stins en letter state op de doarpsterp fan Hallum, gemeente Ferwerderadiel, krekt west fan de tsjerke. Fan de state is neat werom te finen.

De oarsprong fan Offingaburg leit mooglik yn de 11e iuw of earder as ien fan de ferdigeningsboargen oan de kust fan de Middelsee. Offingastate sil grif de âldste fan de states yn en om Hallum wêze. In oanwizing is dat it hûs binnen de hjoeddeiske wei om de buorren stie, op de westside fan de grutte doarpsterp. It hiele gebiet sit binnen de rûnte by dizze state, oant yn de 19e iuw moasten de huzen op bygelyks de Lange- en Hegebuorren grûnpacht betelje oan de eigener fat de state. Ek de wei fan Ljouwert nei Holwert makke in lange bocht om de eastkant fan de terp, tusken de grûngebieten fan Offinga-, Goslinga- en Sythiemastate troch. Mar dy is pas fan (folle) letter.

Yn âlde tiden wie de âlde seedyk benammen yn de hjerst en winter de ienige brûkbere ferbining oer lân fan Ljouwert oer Holwert nei Dokkum. Dy âlde seedyk wie oansluten op de doarpsterp fan Hallum. Offingaburg sil dan ek net allinnich in ferdigeningswurk west hawwe tsjin ynkringers fan see, mar ek in kontrôlepunt foar it ferkear oer lân dêr't tol fan frege waard. It hûs sil bewenne west hawwe troch it laach Offingahuizen dat al yn 1045 neamd wurdt ûnder de Fryske eallju. Douwe Offingahuizen reizge mei in tal freonen út de familys Roorda en Aylva nei it bûtenlân. Net allinnich foar de stúdzje fan keunsten en wittenskippen, mar ek om harren te bekwamen yn de kriichskunde. Douwe Offingahuizen kaam mei inkele oare Fryske eallju werom neidat se yn Dútslân Keizer Hendrik holpen hiene yn de oarloch tsjin Bohemen en Hongarije. Jucka Offingahuizen en Cyprianus Goslinga hawwe om 1230, ûnder Hindrik I, hartoch fan Brabân, de krústocht meimakke tsjin de "ongeloovige en afvallige Standingers".

  • ± 1045 mooglik Douwe Offingahuzen
  • ± 1230 mooglik Jucka Offingahuzen
  • oant 1510 Worp Lieuwes Juckema
  • oant 1539 Pieter fan Aylva en Rixt Aebinga
  • 1539 - 1543 Rixt Aebinga
  • sûnt 1543 Ruurd Scheltes fan Aebinga
  • oant 1575 Hette Ruurds fan Aebinga
  • 1575 - 1618 Schelte fan Aebinga en Gerland fan Liauckama
  • 1618 - 1632 Gerland fan Liauckama
  • 1632 - 1666 Schelte Scheltes fan Aebinga
  • yn 1722 Lucia fan Camstra

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • D. Cannegieter - Geschiedkundige herinneringen van Hallum”, artikelen in de Friesche Almanak van 1851 en 1852
  • Jhr H. Baerdt van Sminia - Het geslacht Aebbinga te Hijum en Hallum artikel yn De Vrije Fries, 1839
  • G.A. Wumkes - Stads en Dorpskroniek van Friesland, 1930
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp, ± 1955