Ofbyld oerlis:Marijke Jongbloed - 0541 (1).jpg

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk: Hoe sit it yn dit gefal krekt Ieneach? Ik sels pleats nea mear in foto mei in © om gedoch foar te kommen en freegje de oanbieder ek om tastimming fan de fotograaf. Dy is faak al tefreden at syn namme der by komt te stean. Drewes (oerlis) 5 jan 2018, 17.41 (CET)[beäntwurdzje]

@Drewes: It liket my ta dat as Marijke Jongbloed dizze foto oanbean hat, sa't Swarte Kees hjir fermeldt, dat sy dan ek de rjochten hân hawwe moat om him oanbiede te kinnen. Sille we by de lisinsje dizze tekst delsette:

"Dit is in foto dy't troch Marijke Jongbloed sels yn maart 2012 beskikber steld is oan 'e Fryske Wikipedy. Hy mei brûkt en oernommen wurde, mar de fotograaf, René van Gijn, moat by gebrûk fermeld wurde."

Dat liket my net mear as in langút skreaune foarm fan Swarte Kees syn tillegramstyl, en boppedat rom foldwaande om gebrûk te rjochtfeardigjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 jan 2018, 22.32 (CET)[beäntwurdzje]