Oerweiwachter
Appearance
In oerweiwachter is in beweitser fan de feiligens fan in oerwei.
De Nederlânske spoarweiwet skreau tusken 1859 en 1922 foar dar alle iepenbiere oerwegen bewaakt wurde moasten. De weitsers wiene yn fêste tsjinst by de spoarweimaatskippij en wennen mei harren húshâlding yn in tsjinstwente tichteby de oerwei. Trochstrings holpen har froulju mei. De wachters waarden foar de komst fan in trein warskôge troch in kloksein, sadat hja op 'e tiid hikken of spoarbeammen slute koenen foar de trein op kommendewei.