Oerlis:Wynmotor De Tynje
Yn it artikel wol de skriuwer ha dat de wynmotor yn de polder 'De do' stiet. Dit liket werris in foarbyld ta dat immen -sûnder de skiednis te kinnen of te begripen- mei geografyske nammen gûchelt.
Lang lyn hienen de mieddens gauris in namme. Besuden de Boarn leinen de Mouwe (mei de o fan bok, net fan hok) en de Dilf(t) of Dulf (lykas Delft hat dy namme mei dollen=delven te krijen).
It rivierke dat op de Mouwe tarûn hjitte dan ek Mouwedjip. En de heawei fan Terwispel dêrhinne Mouwewei. De gruttepolder om de Mouwe hinne hjitte de Mouwehimmen. Wat no de Rôlbrêgedyk is, wie doe Riperwâldwei en it lêste ein Mouwehimsterheawei. Troch ûnbegrip miende Eeckhof dat it wol Moerdjip-en-sa wêze soe (want moer betsjut klyn=veen). Doe is it ferrin fan tiid Moe... wurden, hjoed sels Mû... Der is wat ôfgriemd mei de Fryske nammen en taal. It lêste part fan de Mouwe- of Moe- of Mûwei hawwe se nota bene Seagerij neamd. Wa docht soks dochs?
Gau werom nei de wynmotor. Dy mole liket my yn de Dulf te stean, net yn de Duif (in ferskriuwinkje dat troch fersin fan de l in i makke) En dus is it alhiel net de Do.
Sorry, ik hie myn alias der net ûnder set. No dan mar. Fyntyn 12 mrt 2010, 23.53 (CET)