Oerlis:Winchester (Ingelân)
Appearance
Winchester of sille we der Winsjester fan meitsje? --Geoffrey 14 jun 2009, 22.05 (CEST)
- Kinst der om my rêstich Winsjester fan meitsje. De namme Winchester ferwiist dan noch wol troch nei Winsjester. Groetnis --Kening Aldgilles 14 jun 2009, 22.17 (CEST)
- Ik haw fan it NWF allinnich (âlde stavering): Great Brittanje, Foriene Keninkryk, Ingelân, Skotlân, Doevere en Londen. De stof Manchester hjit yn it Frysk mansester as mansjester, dat dan is dit in mûglike fariaasje. Ik wit oars net at in hjoeddeiske Fries net earder -tsjester sizze soe.
- It hat al gefolgen foar Sester, Dorsjester, Rotsjester ensafuorthinne. (Ik haw mei sin alle trije alternativen brûkt). Dan binne der ek noch de nammen op -cester, dy't ornaris sa net mear sein wurde: Toaster, Wûster, Gloster, Lester ensafuorthinne, as To(w)sester, Worsjester, Glo(u)sester, Leisjester ensafuorthinne? En dan komme wy noch by (T)S(j)esterfjild en (T)S(j)eshire. As oars koenen wy der ek (T)S(j)essjer fan meitsje, mar dan jout dat werstavering fan alle oare -shire-s. Aliter 15 jun 2009, 00.14 (CEST)
- Ik sjoch dat ik wat te hastich west bin om Winchester te werneamen yn Winsjester. Mar dat kin fasels altyd werom set wurde. Wichtich is wat de kar wurdt. Wurdt it sjester of tsjester. It liket my, as de kar dúdlik is, wy dat safolle mooglik foar alle chesters jilde litte moatte? --Geoffrey 15 jun 2009, 17.54 (CEST)