Oerlis:Waarlamke
Appearance
Sidenamme
[boarne bewurkje]Neffens my soe it better wêze dizze side ta Waarlamke te werneamen. Sawol de 'Nije list fan fryske fûgelnammen' fan 'e Fryske Akademy (2004) as de lyst fan Boersma (1994) neame 'Waarlamke' as fryske namme.
- Ik sil de side werneame ta Waarlamke en fan Wettersnip in ferwizingsside meitsje. (B. 19.32, 27 mar 2005 (UTC))
Ofbylden oernimme
[boarne bewurkje]Ik bin frij nij op de Wiki. Is it tastien om ôfbylden fan oare Wiki's altyd oer te nimmen of binne hjir noch beheinings oan. Neffens my kinne ôfbylden fan 'e Wikimedia:commons wol brûkt wurde. Theun 11.08, 27 mar 2005 (UTC)
- It is tastien om ofbyldings fan oare wiki's oer te nimmen, as dêr alteast gjin meldingen oer copyright steane. Wolkom oars! We kinne wol wat help brûke om de gong der (noch wat mear) yn te krijen. Bauke ~(B. 19.32, 27 mar 2005 (UTC))
- It is meast tastien om ôfbylden fan oare Wikipedyen, en fan oare Wikis fan Wikimedia, oer te nimmen. Jou dan oan wêr't it weikomt, en nim de auteursrjochtbetingsten oer. As ôfbylden net oanwêzich binne op de Fryske Wikipedy, dan besyket de Wiki dy te finen op Wikimedia-commons, dat dy hoege net apart oernaam te wurden.
- Ofbylden dy't yn Amearika "Fair use" binne, binne op it stuit in probleem. Net allinnich is foar dy ôfbylden beheind wêr't se foar brûkt wurde kinne, mar it is ek noch net dúdlik of dat Amerikaanske rjocht jildt foar de Wikipedia-tsjinners yn Frankryk (en mooglyk meikoarten yn Nederlân). Aliter 20.58, 27 mar 2005 (UTC)