Oerlis:Tomas fan Aquino
Nij mêdWy sitte fansels faak wat oanklaud mei de letter "Q" yn it Frysk. Meastentiids feroaret dy yn in kw. At soks hjir dien wurdt soarget de u efter de q foar in ferkearde útspraak. It soe klinke moatte as "akwieno". Ik soe dêrom foarslaan wolle om Thomas te wernemen nei Akwino óf om de Q mar gewoan stean te litten fanwege it werkenbere wurdbyld en dus Aquino.Swarte Kees 9 sep 2007, 09.20 (CEST)
Persoanlik soe ik nammen net sa gau feroarje, mar it lesboekje foar de stavering fan drs. F.B. Dijkstra seit it sa: "De qu komt yn 'e Fryske stavering alhiel net foar. De qu yn frjemde wurden wurdt yn it Frysk stavere mei kw of k al nei't de útspraak fan it wurd is."Yn 'e Wâlden 9 sep 2007, 12.10 (CEST)
- Foar hjoeddeiske nammen dy't al yn mei latynske letters stavere wurde soe ik net in oare stavering brûke. Mar foar âldere nammen, fan foar Napoleon sis mar, soe ik dat al dwaan. En dit is sa'n namme dy't gewoan seit dat Tomas út Akwino kaam: it is net in fêste efternamme lykas wy dy no hawwe. Dat ik soe it al feroarje. En ik haw ris sjoen nei de oare talen: dy sette "fan Akwino" ek oer. Mysha
- Ja wy sitten wol gauris te stoeien mei bûtenlânske nammen. By in soad historyske persoanen bruke wy no al yn us artikels de Fryske namme. By de nammen fan de Romeinske keizer hawwe wy it selde dien. Ik kin mei dêrom wol fiene yn it foarstel fan Mysha. Dat soe dan bestjutte dat de namme werneamd moat wurden yn "Akwino". --Geoffrey 10 sep 2007, 20.29 (CEST)
By "Libben" stiet: ....yn 1244 by in oare kleasteroarder, de dominikanen, dêr't hy syn earste....? Hjir is wat weifallen tink?Swarte Kees 23 feb 2008, 09.13 (CET)
- Ik haw it fuorthelle, gie neffens my nergens oer--Geoffrey 23 feb 2008, 16.22 (CET)
Akwino, Akino, Aquino
[boarne bewurkje]@RomkeHoekstra: Goeie. Ik freegje my ôf oft de stavering fan dizze namme wol doocht. Wurdt it net útsprutsen as "Tomas fan Akino" of "Tomas Akinas"? Sûnder kw-klank, bedoel ik. Ik freegje it jo mar, want jo sille grif faker as ik heard hawwe hoe't de namme útsprutsen wurdt. Los dêrfan begryp ik earlik sein net wêrom't dit ferfryske is. Neffens my koe it skoan ta mei Tomas fan Aquino. Wat fine jo? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 mrt 2025, 00.00 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk:: De útspraak is Tomas fan Akwino, teminsten ik wit net oars. Der hat hjir boppe ek al in oerlis west en doe is der besletten om de namme te ferfryskjen. Yn 'e Wâlden skriuwt dat de qu yn 'e Fryske stavering net foarkomt en dat is dan sa, mar it giet hjir om net in wurd mar om in namme. Aquino en Akwino wurdt yn wikipedy troch inoar brûkt. Ik wit dat it hjir sa skreaun wurdt en dêr ha ik my by it earder brûken fan 'e namme yn oare artikels mar by oanpast. Myn eigen foarkar soe ek Aquino wêze, itjinge dan ek foar de krite jilde moat.--RomkeHoekstra (oerlis) 1 mrt 2025, 07.12 (CET)
- @RomkeHoekstra: O, dat wist ik net, yn 'e seldsume gefallen dat ik de namme tsjinkommen bin (as Aquino) haw ik it altyd útsprutsen as "Akino". Wer wat leard. Wat it ferfryskjen oangiet, ik soe hjir ek leaver de skriuwwize "Aquino" sjen. Neffens en: is it in lytse stêd dêr't in gemeente nei neamd is. Ik haw der noch nea fan heard útsein yn 'e namme fan dizze man. It plak stiet net op 'e Wikipedy:List fan ferfryske plaknammen bûten Fryslân, en mei it each op 'e relative ûnbekendheid sjoch ik ek gjin reden om it dêr oan ta te foegjen. Dus ik neam de side om. As oare meidoggers dêr beswieren tsjin hawwe, hear ik it wol. Ik kin altyd noch wer weromferoare wurde as dêr needsaak ta bestiet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 mrt 2025, 23.17 (CET)