Springe nei ynhâld

Oerlis:Taksonomy

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ofdielingsnammen

[boarne bewurkje]

Om't "geslacht" my wat núver wie haw ik besocht in boarne te finen dy't dy ôfdielingsnamme brûkt. Oant no haw ik ien boarne fûn. J. Boersma brûkt yn 1984:

  • (ryk)
  • stamme (ik haw stam brûkt)
  • klasse
  • skift (wy brûke oarder)
  • famylje
  • skaai (wy brûke geslacht)
  • soarte

Foar de nivo's brûkt er:

  • boppe (ik haw oer brûkt)
  • ûnder

Binne der oare, resinte boarnen dy't mei ien fan beide yn it lyk binne? Aliter 21.50, 27 mar 2005 (UTC)

stamme of stam? ik haw gjin foarkar
skift of oarder? myn foarkar: oarder
skaai of geslacht? ik soe (mei it wurdboek) sizze geslacht, skaai kin om my ek wol
Wat wurdt brûkt yn it nije fûgelboekje útjûn troch Steven Sterk? B. 04.35, 28 mar 2005 (UTC)

Ik haw it taalburo frege at der standertnammen wienen, en it antwurd ferwiist ús wer nei Boersma, mei de útlis dat de wurdboeken fan de FA se ek sa brûke. Dat, ik soe sizze wy moatte dochs mar op Boersma oer. Aliter 23.10, 29 mar 2005 (UTC)