Oerlis:Suder Drachten
Geomorfologysk ûndersyk hat ien en oar útwiisd oer it streamgebiet en de rin fan de Drait en syn sydtûken. Sa rûn der in tûke út it heechfean eastlik fan Drachten wei oer - rûchwei - it lettere trajekt fan de Drachsterfeart. Dizze tûke komt net mear foar op de âldst bekende kaarten fan dizze kontrei. Noardlik derfan lei it lettere Noard-Drachten en súdlik derfan it lettere Súd-Drachten. It is mar de fraach oft de beide doarpkes der doe al wiene; of dat it b.g. fjildnammen wiene dy't oernaam binne.
Krekt noarlik fan Noard-Drachten rûn ek in tûke, de Noarder Drait, dy't yn de midsieuwen noch bestie. It kin wêze dat Noard-Drachten dêr nei neamd is.
Hoe't krekt sit mei dy nammejouwing is net bekend. Feit is wol dat sawol Noarder- as Suder-Drachten resp. noardeastlik en eastlik fan de noch besteande Drait lizze. Drewes 9 apr 2010, 17.01 (CEST)
- Sjoch ek Oerlis:Noarder Drachten. Mei groetnis --Kening Aldgilles 9 apr 2010, 17.46 (CEST)