Springe nei ynhâld

Oerlis:Strjitten yn Damwâld

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

It is skande dat ferskate persoanen op dizze side gjin eigen lemma hawwe. Harren biografy is de muoite oars wol wurdich. Fan oaren is op dizze side mear te finen as by har eigen lemma. Drewes 28 jul 2011, 12.19 (CEST)[beäntwurdzje]

Myn doel is om earst alle strjitten te beskriuwen en oan de ein in tal persoanen in eigen side te jaan. Dan kin de skande nea sa grut wêze. Groetnis, --Swarte Kees 29 jul 2011, 21.59 (CEST)[beäntwurdzje]
Moai, dan kin ik my aans rêstich deljaan. Gr. Drewes 29 jul 2011, 22.30 (CEST)[beäntwurdzje]

@PDZ124169: Goeie. Wat sizze jo hjirfan: Lytse Loane - Mooglik is de Lytse Loane al tûzenen jierren âld, omt der earder skrabers en pylkpunten fûn binne, wat wiist op bewenning fan de eardere Ikkerwâldster Hale. Soe de loane sels sa âld wêze? Drewes (oerlis) 17 jun 2019, 18.28 (CEST)[beäntwurdzje]

Soe persoanlik net witte hoe't it sit, al liket tûzenen jierren my wol hiel âld ta. Omdat ik net krekt wit hoe't it sit ha ik it earst mar stean litten, mar as der gjin boarne foar is dat de loane mooglik al sa âld is kin it better op in oare wize beskreaun wurde. PDZ124169 (oerlis) 17 jun 2019, 22.55 (CEST)[beäntwurdzje]