Oerlis:Fuotbalferiening De Jouwer
Appearance
(Trochferwiisd fan Oerlis:Sportklub De Jouwer)
Oant no ta hie ik club hieltyd stavere mei in C omdat it ek SC Cambuur is bygelyks. Dan soe sportclub dus ek SK It Hearrenfean wurde en soks like my wat in frjemd wurdbyld ta. Soksoarte docht him ek foar by fuotbalferiening: VV Sneek soe dan FF Snits wurde. As wy hjirta oergean sil der noch wol mear oanpast wurde moatte binnen de Wikipedy..Swarte Kees 16 feb 2008, 14.32 (CET)
- Yn it Frysk Wurdboek Frysk-Nederlânsk fan J.W. Zantema stiet by de letter C: "Derde letter van het alfabet. Behalve in ch komt de c in de Friese spelling niet voor, doch wordt vervangen door k of s." Ik tink dat wy pragmatysk mei de stavering om moatte gean. Ik bin net fan de staveringspolysje. --Bouwe Brouwer 16 feb 2008, 16.26 (CET)
- Dit is grif ek persoanlik. Ik soe sels yn "SC" net maklik "sportklub" lêze kinne, en "VV Snits" griist my oan. Mar hoe gewoan dat is foar oare lju, dat wit ik ek net. Mysha