Oerlis:Spjaltpoatguozzen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik wie nijsgjirrich nei de reden om de famylje/skaai Spaltpoatguozzen te neamen (ik nim oan nei de dútske namme) en de soarte Ekstergoes (ik nim oan nei de ingelske namme). Wie it net konsekwinter west de soarte dan ek Spaltpoatgoes te neamen?Theun 19.28, 31 mai 2005 (UTC)

Ik hie foar it skaai "Spaltpoatguozzen" naam om't ik dat kleurpatroan wat te spesifyk fûn foar in famyljenamme. Mar yn hast alle talen om it Frysk hinne hjit de fûgel "Eksterfûgel", sadwaande. Ik haw mei dy sitewaasjes de binominale namme ek wat folge. As in skaai in haadsoarte hat, mei de namme "<Soartnamme> <soartnamme>", dan haw ik al besocht dy fêst te hâlden; mar dêr't de ienichste soarte yn in skaai dochs net de haadsoarte wurden is haw ik dat ek net altyd dien. Ensfh. Mar as altiten: At jo leauwe dat it better kin, fiel jo dan frij.

Aliter 20.00, 31 mai 2005 (UTC)

Ik fyn it best sa't it no is, ik wie allinich nijsgjirrich nei it idee derefter. Ik hoopje ynkoarten in begjin mei in side foer de ekstergoes te meitsjenTheun 20.18, 31 mai 2005 (UTC)