Oerlis:Sietse de Vries
Soa, Swarte Kees, moetsje wy hjir ek al. De opdieling fan De Tynje yn grifformearden en kommunisten is wol hiel rûch. Sa'n soad kommunisten wienen der doe wier net mear. Wol soasjalisten, SDAP-ers, mar dy wienen yn de sechstiger jierren doe't Sietse opgroeide, al lang fan de PvdA.
Boppedat, nei't Gerrit Roorda yn 1956-'57 troch Paul de Groot c.s. as 'Trotzkist' útfluite wie yn Krasnapolsky, omdat er fragen steld oer de ynfal fan de Russen yn Boedapest, wie it ek op De Tynje gau oer mei de kommunistyske oanhing. De PSP rekke slim yn de moade, want dy kommunisten hienen eins altyd pasifisten west.
It is my al faker opfallen dat De Tynje troch guon romantisy noch reader skildere wurdt as't it doarp ea west hat.
In ûnbeskieden fraach fan in âld-Tynjester. Fan hokker De Vries is Sietse ien. Fan Douwe (fan Sietse en Aaltsje)? Wa't ik bin? Sjoch mar by Fyntyn 23 jul 2010, 17.25 (CEST)