Springe nei ynhâld

Oerlis:San (folk)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

De namme "boskjesmannen" liket my in selsbetocht wurd ta fan ien dy't net folle doel hat oer de Fryske morfology. Gearstallingen mei as earste lid in ferlytsingswurd krije yn it Frysk suver noait in tusken-s. Tink oan "blomkejurk", "famkeguod", "beamkeboel", "kornútsjepolityk". As je it Nederlânske "bosjesman" ferfryskje wolle, dan soenen je der "boskjeman" fan meitsje moatte. Probleem is fansels dat net ien dat seit. Kinst ek "bosjesman" út it Nederlânsk liene. Dat is nei alle gedachten it wurd dat de measte Friezen ek brûke yn de praktyk.

In twadde probleem mei "boskjesmannen" is de meartalsfoarm. Ast it Nederlânske "bosjesman" yn syn hiele hear en fear oernimst, kinst ek it meartal liene: "bosjesmannen". Wolst it wurd ferfryskje, dan bist ek holden oan it Fryske meartal "boskjemanlju". Dat net ien dat brûkt, hoech ik der net by te sizzen.

Myn útstel: ferfang de titel troch "San", lykas yn it Nederlânsktalige artikel oer itselde ûnderwerp. In alternatyf is om it Nederlânske "bosjesmannen" as lienwurd oer te nimmen. Mar brûk in ensyklopedy net om selsbetochte hampelige wurden ûnder de minsken te bringen. 86.81.169.144 2 maaie 2009, 13.22 (CEST)

It wurd "Boskjesmannen" is oarspronklik út in tekst kaam dy't net foar de Wikipedy skreaun wie. Mar mei it opbouwende part fan jo krityk bin ik wol iens: "Boskjes" is hjir net in beskaat meartal, dat it einiget yn gearstalling op in 'e'. Fansels is it maklik om it dêr mei iens te wêzen, om't de namme "Boskjemannen" wier brûkt wurdt yn it Frysk. Wêrom is it dan "mannen", en net "manlju"? Dat is om't it net it manlik slachte oantsjut; in frou fan dat folk is net in Boskjefrou. De kar foar de namme dy't brûkt wurdt makket it hjir maklik foar ús. En dy kar is ek wêrom wy it net oer "San" hawwe. Aliter 3 maaie 2009, 03.04 (CEST)

Oerlis begjinne oer San (folk)

Oerlis begjinne