Springe nei ynhâld

Oerlis:Republyk Masedoanje

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Namme fan dizze side.

[boarne bewurkje]

Op 8 oktober hat in anonym (earne út sintraal Dútslân) de side Masedoanje leeghelle en de ynhâld op Republyk Masedoanje setten. Fan Masedoanje hat der in Redirect makke.
No is in oare anonym dwaande wêst om yn de oanhef de namme Eardere Joegoslavyske republyk fan Masedoanje derby te setten, en ek in Redirect hjirfan makke (ek dizze anonym komt neffens de IP-address sykaksje op internet earne út sintraal Dútslan, miskien deselde persoan?).
No wit ik dat dizze saak gefoelich leit by guon (âld)-ynwenners fan Grikelân, mar dat stiet ek al dúdlik yn it stikje oanjoen. Ek is hjir neffens my al yn it ferline ek in soad drokte west om't in lyts groepke de namme FYROM (former yougoslavian republic of macedonia) oeral trochfiere woe. Dat ik ferwachtsje aanst wol in grapjos dy't Republyk Masedoanje ek noch wol fuorthelje wol.

Wat te dwaan, de lêste wizigings woe ik eins wol tebeksette, de lange namme stiet wol útlein fierder op de side en hoecht om my net nochris yn it begjin derby.
Ik kin my ek foarstelle dat wy de side wer gewoan Masedoanje neame en fan Republyk Masedoanje de Redirect meitsje (dan nimme wy fansels al de ferbetterings/útwreidings fan Meidogger:Kening Aldgilles en Meidogger:Swarte Kees mei).
Wat no it bêste is wit ik net goed, de measte grutte wikipedia's hawwe Masedoanje, in protte lytsere mar ek en: brûke Republyk Masedoanje. Iksels bin net in ekspert op it gebied fan de balkan mar in bytsje googleje jout de yndruk dat beide termen brûkt wurde foar it lân. It lân stiet ek net op de list by it taalburo fan de fryske akademy.
Wat dogge wy hjirmei. Allinich de lêste wizigings weromsette of wurdt it wer Masedoanje. Theun 21.37, 25 okt 2006 (CEST)