Oerlis:Olympyske Simmerspullen 1972
- It bejint der op te liken dat it fuortlitten fan it wurdsje fan út titels as Olympyske Simmerspullen fan 1972, oeral problemen jout. Is der ek in foardiel by dy konstruksje?
- De listen fan dielnimmende landen hawwe op myn kompjûter in protte wite rigels, en der is spul mei it kaartsje.
- Ik haw de tinzen fan de organisaasje fuorthelle; útsein hja hawwe dat sels sein witte wy net wat der yn harren holle omgie.
- Ik haw in keppeling nei Olympyske Spullen tafoege oan de Sjoch ek; dêr stiet dy list fan spullen.
Aliter 11 des 2010, 20.12 (CET)
- Goeiejûn Aliter,
- Puntsje ien begryp ik net alhiel kinne jo dat noch wat ferdúdelikje?.
- Punt twa snap ik wol: it hinget fan de browser ôf at de side goed werjûn wurdt; dat jildt foar alle ôfbylden op wikipedy!
- Groetnis Wikiice 11 des 2010, 21.00 (CET)
1 Mei in namme as [[Spartaanse Hjerstspullen fan 2011]] kin dy keppeling ornaris gewoan útskreaun wurde om't it rinnende tekst is. Mei de tillegraaffoarm fan [[Ateenske Maitiidspullen 2013]] kin dat net; yn sinnen moat it gauris [[Ateenske Maitiidspullen 2013|Ateenske Maitiidspullen fan 2013]] wurde, en de kaaiwurden wurde "Ateenske Maitiidspullen wat oare wurden om de sin te meitsjen 2013", wat ek net al te fraai is. Dat ik frege wat it foardiel is wat grutter is as dat neidiel.
2 Ja, ik wit dat it troch blêderferskillen komt; ik wiisde der allinnich op dat dit in sitewaasje wie dy't foar soks gefoelich wie. It is hast net foar te kommen dat der ferskillen yn de siden binne, mar ús kar soe al wêze moatte foar de oplossing dy't it minste problemen jout.