Oerlis:Olympyske Simmerspullen 1928

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Startdatum[boarne bewurkje]

By dizze Olympyske Spullen waard al op 17 maaie 1928 begûn mei de fuotbalkompetysje, wylst de iepeningsseremoanje pas op 28 july hâlden waard. Hokker datum hâlde wy oan foar de start fan it barren? Of losse wy dit op troch tusken skrapkes der efkes by te setten dat der al begûn waard mei sporten op 17 maaie? J'88 5 nov 2010, 09.07 (CET)[beäntwurdzje]

Neffens myi begjint de fuotbalkompetysje meastal al foar de iepeningsseremoanje mar dit is wol ekstreem betiid, mar efkes sjen hoe't se dit op oare wiki's oplost hawwe. gr, Wikiice 5 nov 2010, 09.59 (CET)[beäntwurdzje]
Guon oare wiki's brûke 17 maaie as startdatum, oaren 28 july. It is heal om heal as ik dat sa besjoch. Olympics.org seit 17 maaie. Njonken it fuotbal kaam ik ek in boarne tsjin dy't seit dat it hokky al yn maaie begûn. J'88 5 nov 2010, 11.33 (CET)[beäntwurdzje]
Wat stiet der op de webside fan it NOC/NSF? gr, Wikiice 5 nov 2010, 23.09 (CET)[beäntwurdzje]
Kin dêr der neat oer fine. Op de side fan it YOK stiet al 17 maaie, haw dy datum dan ek mar oernaam. J'88 6 nov 2010, 13.33 (CET)[beäntwurdzje]