Oerlis:Odo Botnia
Boarne
[boarne bewurkje]Wat is de boarne fan dizze ûnsin? De kronyk fan de fabelskriuwer Andreas Cornelius út 1597? --Bouwe Brouwer 30 des 2007, 16.49 (CET)
- De side is streekrjocht oerset fan nl: Us maat Bornestra hat it dêr op setten sûnder in boarne te neamen.Swarte Kees 30 des 2007, 16.54 (CET)
De boarne is klear H.G. Cannegieter, Het klooster Foswerd, yn: Friesche Volks-almanak voor het jaar 1846, Snits 1845, Mengelwerk s. 44-58. Ek digitaal beskikber. De boarne fan Cannegieter is de fabelskriuwer Andreas Cornelius. Ik haw it twifelberjocht op it artikel pleatst. --Bouwe Brouwer 30 des 2007, 17.47 (CET)
- Is it miskien net better dizze twifel op de side út te wurkjen. Ik haw it idee dat dy ferhalen oer dy 17 potestaten wiid ferspraat binne yn de eardere fryske skiedskriuwing. Dat al dy ferhalen net like betrouber binne is tink ek wol dúdlik. Ik bin hjir net sa yn thús, it binne faaks wol moaie ferhalen. Mar wy moatte fansels gjin ferhalen as echte skiednis ferkundigje, is der bygelyks resint skiedkundich wurk dy't dy middelieuske skriuwers oan in oardiel ûnderwerpt. Theun 30 des 2007, 17.56 (CET)
- Eins soene wie ek siden hawwe moatte oer dy skiednisskriuwers, Andreas Cornelius, ik hie der noch nea fan heart. Mar der binne noch genôch oaren, Worp en Petrus fan Thabor, Ocko Skarlenius en fest noch wol in pear. Dan soene wy út dy siden oer harren ûnderwerp nei de skriuwer ferwize kinne en kinne wy dêr ien kear in stikje skriuwe oft dy skriuwers as betrouber sjoen wurde as net. Theun 30 des 2007, 17.59 (CET)
- Yn de Encyclopedy fan Fryslân (Elsevier) stiet ek ynformaasje oer de Botnia's. Soe dy wol betrouber wêze? Lykas Theun haw ik ek neat fan de boarnen heard. Sterker noch: it begryp postestaat wie nij foar my. Wa't better thús is yn dizze matearje sit mei him/har oppenearje. Foar oersettings kin ik wol soargje. Swarte Kees 30 des 2007, 18.27 (CET)
De boarne fan it artikel Odo Botnia yn de Encyclopedie van Friesland is ek de Hallumer arts Hendrik Gerrit Cannegieter (1804-1881): H.C. Cannegieter, Odo Botnia, yn: Friesche Volks-almanak voor het jaar 1848, Snits 1847, Mengelwerk s. 60-83. Ek digitaal beskikber. De boarne fan Cannegieter is benammen "Occo Scharlensis", dus de kronyk fan de fabelskriuwer Andreas Cornelius út 1597. Sjoch oer Andreas Cornelius: Bolhuis van Zeeburgh, Kritiek der Friesche geschiedschrijving, Den Haach 1873. Ek digitaal beskikber. --Bouwe Brouwer 30 des 2007, 20.30 (CET)
twifelberjocht
[boarne bewurkje]Ik ha yn it artikel no oanjûn dat de boarne fan de 16e ieu komt en net altyd like betrouber is. Dat liket my foldwaande en helje it twifelberjocht mar fuort. --Geoffrey 29 jun 2011, 18.41 (CEST)