Oerlis:Oanslach op Keninginnedei (2009)
Appearance
Moai dat jim al sa fier wienen mei it meitsjen fan in artikel. Ik ha de Ingelsk, Noarske en Nederlânske wjergaders keppele nei jim artikel. Groetnis --Blautosk 30 apr 2009, 22.09 (CEST)
- @ Blautosk, miskien wie ik yndie wat te fluch. --Kening Aldgilles 30 apr 2009, 22.50 (CEST)
- Wat dogge wy mei de dieder? De efternamme folút skriuwe? Ek al is it net goed wat er dien hat, as Fries ha ik fansels ek net safolle mei dy keninklike famylje, moatte wy al even rasjoneel neitinke. De oare Wiky's ha de efternamme der wol opstean. Is hjir ek in foarskrift oer? Graach sûnder emoasjes, foar of tsjin, neitinke oer hoe't wy by Wikipedy omgean moatte mei sokke minsken. --Kening Aldgilles 30 apr 2009, 22.50 (CEST)
- Ja wol potver, wat sil wy hjir krije? Ik bin foar it keningshûs en bin derom gjin echte Fries? Fanwêr dat 'fansels'? Gelokkig hawwe in protte oare Friezen wol genoch historisk besef om te wite dat ús Keninginne mear Frysk as Nederlânsk bloed hat. 86.85.247.51
- Ik nim oan dat dy keniginne gjin drop Frysk as Nederlânsk bloed had. Mar at Kening Aldgilles dat sa sjocht, dan is dat syn opfetting; dat is net eat dat in protte diskusje freget. Aliter 3 maaie 2009, 02.35 (CEST)
- Net folút salang't er noch net feroardiele is, soe ik sizze, dat is yn de serieuze media doch wol wenstich (al is it net in formeel foarskrift). Oan de oare kant bin ik dêr faaks wat âlderwets yn hear - úteinlik sil de namme doch wol op grutte skaal bekend wurde. Wutsje 30 apr 2009, 22.59 (CEST)
- Ik bin it mei dy iens. Neffens de media is de identiteit wol fêststeld. Mar doch tink ik dat it better is dat wy dan de efternamme net folút skriuwe. Wy moatte fansels wol rekken hâlde mei minsken dy't deselde famyljenamme hawwe. --Kening Aldgilles 30 apr 2009, 23.06 (CEST)
- Wy binne fansels net in nijskanaal; dat soe http://fy.wikinews.org wêze, it Wikinijs. It is moai at wy der ticht opsitte, mar wy skriuwe net it nijs mar de ynformaasje. Op it stuit foeget it neamen fan de namme neat ta oan de side. At it let oars wurdt, en dat sil letter grif sa wêze, dan kinne wy de side oanfolje mei ûnder oaren de namme. Dan sil it ek gjin probleem mear wêze, om't dy namme dan gewoane ynformaasje is. Aliter 1 maaie 2009, 01.21 (CEST)
- Ik bin it mei dy iens. Neffens de media is de identiteit wol fêststeld. Mar doch tink ik dat it better is dat wy dan de efternamme net folút skriuwe. Wy moatte fansels wol rekken hâlde mei minsken dy't deselde famyljenamme hawwe. --Kening Aldgilles 30 apr 2009, 23.06 (CEST)
- Jo woene nog mar in pear jierkes wachtsje tink? At der in oarloch útbruts, woen jim ek mar in pear jierkes wachtsje. Want oars is it nog net skiednis. Je moeste as encyclopedy ek mar ris actuele ynformaasje jaan... 86.85.247.51
- No, in wike like my wol genôch. En it is net dat it skiednis wêze moat, mar dat wy dy dingen opnimme dy't noch in wike as in pear jierkes letter hieltiid noch wichtich binne. At it te ticht by is om dêr wis fan te wêzen, ja, dan wacht ik leaver in wike oant wy dat al wêze kinne. Mar ik bin it hielendal mei jo iens dat it goed is as aktuele ynformaasje sa gau as mûglik opnaam wurdt. Aliter 3 maaie 2009, 02.35 (CEST)
- Wy binne no in skoftke letter: Wat foar oanpassings moatte der noch dien wurde oan dizze side? Aliter 19 maaie 2009, 20.42 (CEST)
Kategory
[boarne bewurkje]Hokker kategory past hjir noch by, Ieneach? Drewes (oerlis) 16 maa 2017, 20.47 (CEST)