Oerlis:Nederlânske kampioenskippen Reedriden Oer Alles foar Froulju
Appearance
Oer alle foar froulju
[boarne bewurkje]Wêr slacht dy "Oer alle foar froulju" op??
- De'r binne ek Nederlânske kampioenskippen Oer Alles foar Manlju en Nederlânske kampioenskippen ôfstannen foar Froulju en Manlju Dr. Breznjev 08.20, jan 30, 2006 (UTC)
Dat is net wier. 'Oer Alles' betsjut 'allround'?! Man, it doel kin ek foarby draven wurde, hear. Yn it Nederlânsk is it ek 'allround', en ast dit sa lêst snapst earst echt net wêr't dit oer giet. Ik fyn dat der minstens (allround), of (NK reedriden allround) of sa, efter stean moat sadat minsken it snappe, en net har ôffreegje hoege wêr't no yn 'e goedigheid dy titel op slacht. DDurk
- No net te bot skrikke hear DDurk ;). Je sitte by it skriuwen fan side (of oersetten) wol gauris mei wurden (foaral nammen) wer't it undúdlik fan is wat dit yn it Frysk wêze moat (oersette/út de oare taal oernimme/fryske stavering brûke??), om't der faaks gjin Fryske boarnen te finen binne wer't dat wurd brûkt wurdt. Mar oan't no ta komme wy der altiten wol aardich út mei syn allen.
- Ik haw dizze siden oerset fan nl, Aliter hie al in side Oer-alles oanmakke en dat haw ik doe mar gewoan oernaam.
- Dat it yn it Nederlânsk ek 'allround' is fyn ik net sa'n it wichtigste argumint om it te feroarjen, yn it Noarsk brûke se ek allround mar yn it finsk en italiaansk brûke se in oerset wurd.
- Je soene ferwachtsje dat it kampioenskip eartiids ek yn it nederlânsk wol oars hiten hat as 'allround', mar ik bin net echt in ekspert op it mêd fan de skiednis fan it reedriden.
- Ik tink dat se by Omrop Fryslân it altiten oer Allround kampioenskippen hawwe dus dat is neffens my wol in argumint om allround te brûken. Dus ik kin my yntinke dat wy dit feroarje. (Mar ik fyn Oer-alles ek gjin unsin).
- Miskien efkes in reaksje fan Aliter ôfwachtsje, of hy noch in goeie reden hat werom Oer-alles better past dan Allround.Theun 19.56, jan 30, 2006 (UTC)
- (Ik hie leaver Nederlânske reedrydkampioenskippen oer-alles foar froulju brûkt, tink. It is net it reedriden dat oer-alles giet, mar it kampioenskip, en dêrby is oer-alles hjir in fêste kombinaasje.)
- Ik haw sels gjin idee wêrom minsken besykjen om sa min mooglik wurden út harren eigen taal te brûken, dat ik bin hjir gjin autoriteit. Faaks soenen jimme de lju fan Omrop Fryslân freegje kinne wêrom dy in Ingelsk wurd brûke.
- Dat net eltsenien de side folgje kin is faaks net fanwegen oer-alles, mar mear om't der noch gjin ynlieding oer it kampioenskip is. Ommers, oars hie der in keppeling nei Oer-alles west.
- Synonimen binne ús freonen. At jo leauwe dat ien in oar wurd sykje sil, nim dan in synonym op.
- As ik ferlet haw fan in Frysk wurd dêr't ik neat oer fine kin, dan gean ik gauris werom nei bygelyks it lêste Nederlânske wurd dat brûkt is eart it Nederlânsk op in frjemd wurd oergong. Ik haw der dêrby gjin problemen mei Fryske omskriuwings ta te foegjen op ús eigen waaksende autoriteit. Mar at jimme leauwe dat in oar wurd dúdlik in bettere kar is, dan haw ik dêr ek net folle problemen mei. Aliter 02.03, feb 6, 2006 (UTC)