Oerlis:Maurits Pico Diederik fan Sytzama (1789-1848)
Wiskwaskôging fantwege GNU-FDL?
Ik nim oan dit hat te krijen mei de boarnefernijing. No is it ien stikje (As politikus) wat ik fan nl oernaam haw, wat ek krekt sa op de side fan www.parlement.com stiet. No haw ik de boarnefernijing ek sa van .nl oernaam. Ik nim mar efkes oan dat dit kloppet, is dit dan net te brûken under de GNU-FDL? Dy ferplichtet dochs ek ta boarnefernijing?
At dit al in probleem is kin wy fansels dat lytse stikje wol wat ynkoartsje sadat de feiten deryn stean bliuwe. Side hoecht om my sekers net fuort. Theun 28 mrt 2009, 20.06 (CET)
- Ja, dat hat te krijen mei de boarnefermelding. Alles wat wy skriuwe, skriuwe wy ûnder eigen auteursrjocht, dêr't wy it meastepart fan weijouwe neffens de GNU-FDL. Dy leit al fêst dat ús namme neamd wurde moat, en yn de sideskiednis wurdt dat yndie dien. At www.parlement.com dy ynformaasje ek ûnder GNU-FDL oanbiede soenen, dan wie dat kombinearber. At hja de ynformaasje frij fan rjochten oanbiede soenen, dan koe eltsenien die ynformaasje oernimme en ûnder de GNU-FDL fierder ferspriede. Mar krekt dit namme-betingst makket dat it net frij fan rjochten is, en it is ek gjin GNU-FDL.
- Ja, at jo witte wat op dy twa siden oernaam is fan dat webstee, en it ferfange kinne, dan kin dat betingst der fan ôf en is it probleem oplost.
- It is oars sa, dat yn it generaal in boarnebetingst by in frij-feroarjende tekst net in goed ding is: op it lêst is der gjin wurd mear dat oernaam is út dy boarne, mar om't dat oan de feroarings net te sjen is bliuwt dy boarne der foar altiten by stean. Dat al hienen wy in oare lisinsje, dan wie der noch grûn om ús siden frij fan sokke betingsten te hâlden.
- Aliter 2 apr 2009, 03.02 (CEST)
Lid Steatsrie
[boarne bewurkje]De EvF skriuwt dat Van S. lid wie fan de steatsrie, mar de boarne www.parlement.com skriuwt:"Hy wêgere yn 1840 in beneaming as lid fan de Rie fan Steat." Wa kin neigean hoe't soks no krekt siet?--Swarte Kees 2 apr 2009, 10.08 (CEST)