Springe nei ynhâld

Oerlis:Macht

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik ha de opmerking dat macht in foarm fan kaptaal is dy't ferminderet mei dat it mear brûkt wurdt foarthelle. Dit giet wol op foar jild, mar net foar geweld of sosjaal en kultureel kapitaal. De ynfloed wurdt earder grutter as lytser neimate der mear gebrûk fan makke wurdt. Wat dat oan belanget wit ik ek net at de beneaming "kapitaal" wol sa goed sketten is, mar sa hjit it no ien kear yn 'e literatuer... --Bwarre 22.05, jun 14, 2006 (CEST)

Nee, dat is presys goed. Mar jo moatte al om it ferskil tusken macht, winne en brûke tinke. At immen, mei in fûst swaait, wat jild jout, glimket, of allinnich mar it mienskiplike dialekt praat, dan wint dy persoan dêrtroch macht. Dat jout er út oan it beynfloeden fan de werklikens. (Dat is in oare definysje: Macht is it fermogen ta beynfloeding fan de werklikens.) Immen kin mei in fûst swaaie en dêrtroch wat jild winne, wat jild útjaan en dêrtroch aardichfûn wurde, aardich wêze en dêrtroch as eigen beskôge wurde, eigen hannelje en sa yn in gefjocht help krije. Dat binne allegear gefallen dêr't ien foarm fan kapitaal daalks omset wurdt nei in oare foarm. (Of dêr't macht wûn wurdt en daalks brûkt wurdt.) Mar macht sûnder mear is at immen mei in fûst swaait, ensfh., mar der noch neat mei docht. At jo wolle kinne jo it ek as in "potensjeel kaptaal" beskôgje (mar dan nimt faaks al mear útlis op de side). Aliter 22.34, jun 14, 2006 (CEST)

Nei myn idee stiet macht net op himsels: macht hat altiid in plak tusken minsken. Mar goed, dat is in opfetting. Tige fraaie definysje, oars. Ik bin sa frij west en set it yn it artikel mei wat útwreidingen. As sosjale wittenskipper bin ik went oan meardere definysjes, opfettings en sjenswiizen, ik hoopje dat dit sa ek binnen de Wikipedy kin. Ik sil sjen at ik ûnder discours-analyse (is dit geef Frysk?) fierdere útliz jaan kin. --Bwarre 00.14, jun 15, 2006 (CEST)

By wat ik hjirboppe omskreau oer macht as kaptaal giet it ek om macht tusken minsken: Wa in persoan jild jûn/bedriege/.. hat, hat macht oer dy persoan. Hy kin dy macht fansels al wer brûke om macht oer in oar te krijen. Dat jildt foar alle foarmen fan kaptaal, allinnich foar tjinsten hawwe wy in abstraksje betocht, "jild", dy't net relaasjebûn is.
It is fansels gjin probleem at wy earne mear as ien definysje of opfetting oer neamje. At earne mear as ien x oer is, dan moatte wy dat fansels ek oanjaan. Mar dan moat de side der al op ynrjochte wurde. Wy moatte dan sjen at der wat algemiens oer macht sein wurde kin, of in foarbyld fan wat it is jaan wurde kin. En dan komt dêrûnder soks as "Der binne ferskate opfettings fan wat macht is, ûnder oaren dit en dat." Dit en dat krije dan beide en eigen kopke mei útlis.
Discours-analyse liket my gjin geef Frysk ta. At der in oersetting is dan wie dy better. At in fakgebiet hielendal gjin Fryske literatuer hat, dan kin der fansels ek in gaadlik Frysk wurd optocht wurde. Mar at it net oars kin, dan mar discourse. Analyze al mei z. Aliter 01.00, jun 15, 2006 (CEST)

Ungelykens?[boarne bewurkje]

Macht hoecht net ôftwongen te wêzen. Fetorjocht is ek in foarm fan macht: it fermogen om in ôfwizing plakfine te litten as dat tsjin it sin fan alle oaren yngiet. Lykwols kin eltsenien yn in groep by ôfspraak itselde fetorjocht hawwe. Aliter 22.34, jun 14, 2006 (CEST)

Minsklik[boarne bewurkje]

It fermogen om de wrâld te beynfloedsjen freget faaks gjin oaren. Sa haw ik de macht om myn stoel fan de grûn te hâlden. Net sa'n grutte macht, ik kin it bygelyks net at ik der sels op sit, mar al in foarm fan macht oer matearje. En fansels is de hân dy't it foer jout ek in foarm fan macht, ek as it letterlik naam wurde moat. Aliter 01.00, jun 15, 2006 (CEST)