Springe nei ynhâld

Oerlis:Mûnein

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Halligenwei - De Halligen foarmje in groep eilantsjes yn it noardlik part fan de Noardfryske Waadsee Dat is wol sa, mar ik leau net dat dizze dyk dêr nei neamd is. Soe it net earder te meitsjen mei Halen? Drewes 29 apr 2011, 21.16 (CEST)[beäntwurdzje]

By in bewenster dy't yn'e Halligen wennet ynformearre. Neffens har komt de namme fan in lyts eilantsje, dat Halligen hjit, yn'e Dútske Bocht. Henk Kroes hat der mei in groep minsken al ris in reis hinne makke. As it lân hjir ûnder rûn stiene de pleatsen hjir op sânkoppen, eilantsjes dus, lykas dêr.--Swarte Kees 4 maaie 2011, 08.26 (CEST)

Op de kadastrale minútplans fan 1832 en de TMK fan 1850/55 (en ek Eekhoff) wurdt it fjild besuden Mûnein de Halligen neamd (Lytse- en Grutte Halligen). De beide Schotanusatlassen jouwe dy namme net.

De Halligen lizze yn de Noard-Fryske Waadsee oan it noardpart fan de Dútske bocht. Yn de Dútske bocht (en ek net yn de Waadsee) is gjin eilantsje Halligen te finen, dêr lizze nammentlik allinnich Helgolân (neffens guonts is dêr de wurdstam fan ek Hallig, hjir: [1]) en Düne.

De etymology fan Halich/Halli(n)gen en Halligen (hjir: [2]) is net dúdlik, mar de fergeliking fan de sitewaasje yn Noard-Fryslân en dy ûnder Mûnein is wol nijsgierrich. Faaks binne beide etymologysk wol besibbe, wa sil it sizze. Drewes 4 maaie 2011, 11.51 (CEST)