Springe nei ynhâld

Oerlis:Lofthaven Eelde

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wêrom Ealde, mar ek Groningen Airport Eelde? Drewes (oerlis) 28 jul 2015, 00.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Lit ik it sa sizze: Friezen hawwe it oer it algemien oer Ealde, en dat liket my ek in goede skriuwwize, mar de offisjele hannelsnamme is Groningen Airport Eelde. (Mathys1995 (oerlis) 28 jul 2015, 02.41 (CEST))[beäntwurdzje]
Ik haw nea in Fries 'Ealde' sezen heard, yn gjin 50 jier. Drewes (oerlis) 28 jul 2015, 16.51 (CEST)[beäntwurdzje]
Binne jo dêr wis fan? Salang't ik my heuge kin hear ik minsken sizzen dat se "fan Ealde ôf" fleane. Mei ik freegje hoe't jo de lofthaven neamme? (Mathys1995 (oerlis) 28 jul 2015, 20.18 (CEST))[beäntwurdzje]

Ik sees 'fleanfjild Eelde'. Ik haw Googlele op 'Ealde', mar dan krije jo in betsjutting yn it Aldingelsk as Ald-dy-en-dy-taal. Ik soe Eelde oanhâlde, mar jo soene de Fryske Akademy rieplachtsje kinne. Dat hawwe meidoggers yn it ferline by twifel oer stavering wol dien. Drewes (oerlis) 28 jul 2015, 21.06 (CEST)[beäntwurdzje]