Oerlis:List fan fûgels
List of Kategory
[boarne bewurkje]Njonken it útskriuwe fan in list hawwe wy no ek de Kategory. Is in List fan fûgels better, of in Kategory: Fûgels (of beide)? Aliter 00.46, 26 mar 2005 (UTC)
- Ik tink op'n doer: beide. In list jouwt wat mear mooglikheden ta rubrisearjen mar in "Kategory" mei in list op it ABD is ek wol maklik. Faaks kinne we kinne we foar de beskriuwing fan de soarten (planten én bisten) in modeltsje meitsje. B. 07.56, 26 mar 2005 (UTC)
- Sa at ik lesten al neamt haw bin ik frij nij op dizze Wiki. De funksje fan Kategory is my noch net hielendal dúdlik. At ik op de ingelske en nederlânske wiki sjoch binne der allegear kategoryen fan listen. De lysten sels (mei inhâld) stienne net by de kategoryen.Theun 09.57, 28 mar 2005 (UTC)
- De listen wiene der earder as de kategoryen. Kategoryen jouwe wat mear mooglikheden, benammen as it giet om it meitsjen fan subkategoryen: Troch bygelyks de [[Kategory:Sjongfûgels]] oan te meitsjen en dy kategoryside yn te dielen yn de [[Kategory:Fûgelsoarten]], ferskynt der ûnder de kategory Fûgelsoarten in subkategory Sjongfûgels. De listen jouwe wer wat mear mooglikheden ta bewurkjen en kommentaar. B. 10.33, 28 mar 2005 (UTC)
- Sa at ik lesten al neamt haw bin ik frij nij op dizze Wiki. De funksje fan Kategory is my noch net hielendal dúdlik. At ik op de ingelske en nederlânske wiki sjoch binne der allegear kategoryen fan listen. De lysten sels (mei inhâld) stienne net by de kategoryen.Theun 09.57, 28 mar 2005 (UTC)
Ik hoopje mar dat mei beide de ynhâld net te fier utelkoar rint. Meidogger:Theun is dwaande mei in opsetsje foar in soarte-side, tocht ik. As jo ek ideeën hawwe, dan koenen de Ljip en de Wylde hyasint brûkt wurde om ien en oar te besykjen. Aliter 17.05, 26 mar 2005 (UTC)
dûbele nammen
[boarne bewurkje]Mei it taheakjen fan it waarlamke (wettersnip) krije we direkt wat te regeljen. Ik tink dat it oersicht dúdliker bliuwt at yn dizze list per fûgel ien namme is mei ferwizing (en de binomale namme). De oare nammen kinne dan yn de lyst komme mei derefter de offisiële fryske namme. Ik nim oan dat wy der't it best de 'Nije list fan fryske fûgelnammen' fan de Fryske akademy oanhâlde kinne.
Dus
- Bletterlamke, sjoch Waarlamke
Dit liket my dúdliker as dat ien troch de ferwizing Bletterlamke ynienen op de side Waarlamke (of no noch Wettersnip) terjochte komt.Theun 11.49, 27 mar 2005 (UTC)
- It is my om it even as der mar romte bliuwt om de oare nammen dy't yn swang binne (as wiene) op te nimmen. It listke fan de FA (dy't fansels wer net op ynternet stiet, want se moatte al boekjes ferkeapje!) kinne we om my wol oanhâlde (mar ik meitsje al beswier tsjin de term "offisjeel", omdat it net it foech fan Akademy is om wurden "offisjeel" fêst te stellen :) ) Groetnis B. 17.03, 27 mar 2005 (UTC)
- By de list fan Fryske doarpen binne der twa soarten fan dûblueres. Nammen dy't op twa manieren alfabetisearre wurde kinne, meast Sint-nammen. En doarpen mei mear as ien namme, meast in offisjele en in pleatslike. Om't keppelings de tekst "sjoch ûnder" oerstallich meitsje is der yn beide gefallen mear as ien yngang foar it doarp makke, mei keppelings [[sidenamme|yngangnamme]]. Foar dizze list koe dat, tink, ek. Aliter 19.43, 27 mar 2005 (UTC)
- Ik snap it net hielendal. Is it dan de bedoeling dat je twa gelikense siden krije mij in ferskillende namme boppe de side? Dit sjoch ik net op de list fan Fryske doarpen werom. Wol sjoch ik dat in lokale namme keppele wurd oan in utgebreidere namme. Wy kinne de tekst 'sjoch ûnder' wol fuorthelje en de namme fan de side (mei keppelin) der tusken heakken eftersette.
- Bletterlamke (Waarlamke)
- Prima oplossing wat my oanbelanget. Yn it foarlbyld fan Aliter ([[sidenamme|yngangnamme]]) is der ien side dy't op ferskate plakken te benaderjen is: lykas [[Waarlamke|Bletterlamke]].
- Ik snap it net hielendal. Is it dan de bedoeling dat je twa gelikense siden krije mij in ferskillende namme boppe de side? Dit sjoch ik net op de list fan Fryske doarpen werom. Wol sjoch ik dat in lokale namme keppele wurd oan in utgebreidere namme. Wy kinne de tekst 'sjoch ûnder' wol fuorthelje en de namme fan de side (mei keppelin) der tusken heakken eftersette.
- Theun hat gelyk. Ik haw by de doarpen dat mei dy lokale nammen feroare doe't ik útfûn dat der dan in doarp wie dat net werkenber wêze soe ("de Buorren"). Dat as de side der net te drok mei wurdt, dan Bletterlamke ([[Waarlamke]]). Aliter 02.39, 29 mar 2005 (UTC)
Fremde fûgels
[boarne bewurkje]Foar wat betreft de term "offisjeel", ik sil dizze net wer brûke. Je moatte tink al in útgongspunt hawwe. Wat moatte wy oen mei fûgels dy't wy wol aardich fine om in side oar te meitsjen mar wer't nergens in fryske namme foar te finen is (der binne sa'n 9000 soarten). Kinne wy dan besykje de Ingelske of nêderlanske namme te ferfryskjen (bygelyks de "Brown Kiwi" wurd "Brune Kiwi")Theun 10.30, 28 mar 2005 (UTC)
- Yndied: Ingelske of Nederlânske nammen mar ferfryskje liket my.
- Ik besykje meast earst út te finen at in namme al earder oerset is, dan at der in ferfryskbere namme yn in oare Germaanske taal is. As dat beide neat opsmyt dan mar in kar meitsje út it ferfryskjen fan de betsjutting yn de oarspronklike taal as it ferfryskjen fan de klank yn de oarspronklike taal. Aliter 02.39, 29 mar 2005 (UTC)