Oerlis:Kraanfûgels

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Klassifikaasje[boarne bewurkje]

Der wie wat skeef gongen yn dizze klassifikaasje, mei de soarten as skaaien. Ik hawe it oanpast foar safier at dat gong, mar der bliuwt noch wat oer:

djipte
Is dit net tefolle ynformaasje tagelyk? It giet no fan de Kraanfûgels ynienen twa nivo's djipper.
Brolga Kraan
Haw ik stean litten om't der al in keppeling wie, mar wie Brolgakraan, of gewoan Brolga net better?
Sybearyske Wite Kraan
Wêrom is dizze spesjaal én Sybearysk én Wyt? Binne der oare Wite Kranen, en Sybearyske Kranen?
Kleide kranen (Anthropoides)
Koe better tink - Ik kin gjin oare lokale nammen foar de Anthropoides fyne, dat ik haw sels wat besocht. It giet hjir om: de Steppekraan en de Blauwe Kraan binne de ienige twa soarten dy't oeral fearren hawwe, sûnder keale plakken as by de oare Kraanfûgels. Wat wit in goede namme?

Aliter 00.50, 21 nov 2005 (UTC)

djipte
Ik haw dit wol op mear siden dien. Miskien net hielendal konsekwint mar dan hoech ik net altiten ek noch nammen foar de skaaien te betinken (fyn ik altiten wol de lêstichste). Ik tink dat it ek fan it tal soarten yn de famylje ôfhinklik is, mei in grut tal soarten ( bygelyks mear as 25 ) wurd it in hiele lange list mar sa as hjir mei in 12 soarten fyn ik it sa wol in aardich rigje.
Brolga Kraan
Makket my net safolle út. Dútsk brûkt Brolgakranich, ingelsk Brolga. Ik tink Brolgakraan is wat dúdliker om't it oanjout dat it in Kraanfûgel is.
Sybearyske Wite Kraan
Hy ik fan it nederlânsk oernaam. Mar wy meitsje der dan mar Sybearyske Kraan fan, wy komme wol faak op de dútske fersjes út neffens my ;). At ik hjir noch ris oer neitink haw ik bygelyks mei de Kubakraan ek net konsekwint west, mat dan Kubaanske Kraan wurde.
Kleide kranen (Anthropoides)
Jo witte ik bin net op myn bêst yn it betinken fan nammen, wy hâlde it earst hjir mar op. Miskien at ien der ris oan ta komt in side oar de Steppekraan of Blauwe Kraan te meitsjen dat dy noch wat betinke kin.Theun 20.18, 21 nov 2005 (UTC)

Wat dy Kubakraan oanbelanget: Ik hie earst tocht dat Kubakraan en Kubaanske Kraan beide wol koe, mar at ik de Fryske fûgelnammen ris besjoch, dat wurdt in namme allinnich fêstskreaun at der net goed in eignskipswurd fan makke wurden kin. Dat it is Swarte See-ein, mar al Kaspyske Hagekrûper. Dan hawwe jo gelyk en hie it ek Kubaanske Kraan wêze moatten. Aliter 01.48, 23 nov 2005 (UTC)