Oerlis:Kiesrjocht

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Ik haw it ferhaal oer de stimhawwende pleatsen en alles wat dêr bykaam mar efkes op stimhawwende pleats delset. Stimrjocht is lykwols it rjocht mei te beslissen, wat boargers allinnich mar yn in streekrjochte demokrasy hawwe. Kiesrjocht is it rjocht fan kar by fertsjinwurding, dêr't dizze side op it stuit oer hannelet. Aliter 30 des 2007, 22.16 (CET)

Ik hie dizze side oanmakke om fanút it Berjocht:Plak nei te ferwizen, yn ferban mei it tal stimmen fan in doarp. Ik hie it begjinstikje fan de :nl side oernaam. At Kiesrjocht in bettere namme is dan moatte wy dit mar oanpasse. Dat stik oer dy stimhawwende pleatsen kin wol aardich ynkoarte, allinne ien rigel oer it rjocht fan stimmen/kiezen by besit fan in pleats. In aparte side foar aktyf en passyf kiesrjocht liket my wer wat oerdreaun, ien side oer kiesrjocht is earst wol genôch tinkt my. Theun 31 des 2007, 17.31 (CET)