Oerlis:Kerkrade
Appearance
Sûnder mis bestiet der in Fryske benamming foar dizze stêd en gemeente. It efterheaksel "rade" komt fan it tiidwurd "rooien", dat miskien kinne wy der "roai", fan it tiidwurd "roaie", fan meitsje. De plaknamme wurdt dan "Tsjerkroai". Is dat wat? - Mathys1995 11 jul 2015 14:27 (CEST)
- Ienris yn de safolle tiid wurdt it ferfryskjen fan plak- en oare geografyske nammen op it aljemint brocht. Dat moat ek om't it in drege saak bliuwt. Yndertiid binne mear as ien útstellen foar in ferfryske geografyske namme ôfwiisd meidat it tige ferfrjemdzjend wurket. Tsjerkroai soe ik om dy reden net dwaan. Gjin minske dy't dêr ea fan heard hat en sil der allinnich mar om gnize as in murd foarit goatsgat. Begryp my goed: ik bin yn prinsipe foar it ferfryskjen. Sjoch ek de oerlisside fan Drewes en Ieneach fan'e Esk. Drewes (oerlis) 11 jul 2015, 17.31 (CEST)
- Dêr stim ik jo yn mei. Wat dat oanbelanget: ferfryskje wannear't it ridlikerwize mooglik is? Mathys1995 (oerlis) 11 jul 2015, 19.16 (CEST)
- Sa is't mar krekt. Drewes (oerlis) 11 jul 2015, 19.26 (CEST)
Anno 2019 liket my Tsjerkried sa folle as fleanen, bespotlik. Ik haw it trochhelle. Drewes (oerlis) 4 feb 2019, 20.04 (CET)