Oerlis:It fine folk fan De Tynje
Moaie skoalfoto
[boarne bewurkje]Bêste mei-oparbeidzjende Drewes,
Ik binne mar wat wiis mei de moaie foto fan myn âlde skoalle, dy't jo fuort in myn artikel 'It fine folk...' set hawwe. Dit is de 'School met den Bijbel' dêr't ik (lykas ús mem en al myn broers en susters) op sitten ha. Yn myn gefal fan april 1939 oant en mei july 1944. Doe seach it gebou der noch krekt sa út as by it begjin yn 1912. Binnen it healjier opset, en fan inkelde kalkstiennen, tink. Mar moai fan ûntwerp, lykas it hûs fan 'e boppemaster.
Yn it tige nijsgjirrige boekje Het ontstaan van het Christelijk Onderwijs in de Friese z.o. hoek, skreaun troch J.Keizer en yn 1980 útjown troch it Frysk Deiblêd, stiet ek in foto fan de skoalle mei it mastershûs. De twa oanbuorjende printsjes dêre lykje der op te wizen dat sy alle trije fan 1937 binne. Ek in pracht om te sjen en op 'en nij te besjen. Mar op dy fan jo stiet ek de noch wat bochtige Riperwei. Dat is in wolkom ferfaltsje derop ta.
De skoalle wie nei myn betinken net in grifformearde skoalle. Yn it begjin faaks oansletten by it GSV (Grifformearde Skoalle Ferbân). Mar der wie goed ôfpraat mei de ortodoks-herfoarmen (fan de evangelisaasje) dat dy in fêst plak yn it bestjoer hienen. Ik soe it leaver in kristlike skoalle neame. Om dyselde reden omfettet it fine folk op De Tynje mear as allinnich de grifformearden, al hienen dy graach it earste en it lêste wurd. Op De Tynje dienen de finen, tusken in oermacht oan kommunisten en soasjalisten, guon saken oars (ienridiger, hânsumer, nofliker, frijer?) as op oare doarpen. Wol fyn, net te min mar net slimmer as't it hoegde).
Bliuwt al de fraach oer: hoe komme jo oan dy foto? Út in samling dêr't eltsenien by kin? Of hawwe jo, lykas ik, mear op mei De Tynje en de finen (dêre)? Faaks mei ik soks net freegje op Wikipedy, mar jo hawwe mei slim nijsgjirrich makke.
Wat oars. Op myn eigen oerlisside haw ik in grienmank fan teksten oanbean oan Swarte Kees. Dêr woe ik ynkoarten mear wurk fan meitsje op in aparte side. Yn in petear fan jo mei him kaam ik de namme Zantema tsjin. Wa is dat? En wat hat er te bieden? Fyntyn 14 jul 2010, 19.13 (CEST)
- Bêste Fyntyn,
De foto haw ik fan Tresoar. J.W. Zantema is de gearstaller fan it Hânwurdboek fan'e Fryske taal (frysk-nederlânsk). Drewes (talk) 18 feb 2015, 21.07 (CET)