Oerlis:It Nijs
Appearance
Hjir wurde wer allegear dingen troch elkoar helle.
- Sûnt wannear is de Fryske beweging synonym foar de Ried fan de Fryske Beweging? Der binne ferskillende organisaasjes dy't wol ûnder de Fryske beweging falle mar net oansletten binne by de Ried fan de Fryske Beweging.
- Wat is in folsleine kultuertaal? Wêr stiet dat?
- Dan dizze sin Eins soe it hiel gewoan wêze moatte dat jo yn Fryslân it nijs yn de eigen taal krije. Wat is no krekt 'hiel gewoan' en wêrom is it gewoan dat Friezen nijs yn de eigen taal krije? It lykje my allegear optinksels te wêzen fan de skriuwer. Gefoelsmjittich kin ik it wol mei him/har lykfine, mar wy moatte wol objektive ensyklopedyske taal brûke. As lêste sprekt de skriuwer it publyk oan mei 'jo'. 'Do' en 'jo' binne gjin wurden dy't brûkt wurde yn in ensyklopedy.
- Noch in sin Minsken binne wend dat de kranten it Hollânsk brûke. Ja? Alle minsken? Fan de hiele wrâld? Hjir sille wol de ynwenners fan Fryslân mei ornearre wêze. Dan bliuwt de sin nuver.
- Wat is in folwoeksen plak? Kinne plakken groeie?
Dizze side is neffens my mear reklamepraat as in artikel. Ha wy ek in berjocht foar sokke siden? Wy hawwe rjochtlinen foar it skriuwen fan artikels en dêr stiet ek yn dat wy objektyf wêze moatte nei de besikers ta. Dizze side is neffens my net hielendal objektyf. Groetnis --Kening Aldgilles 21 aug 2011, 13.43 (CEST)
- Jo ha gelyk, it is wol wat ryklik--Swarte Kees 21 aug 2011, 14.03 (CEST) promoasje. Fiel jo frij om it oan te passen.
Yntegriteitsprobleem
[boarne bewurkje]Dizze nijsboarne liket in yntegriteitsprobleem te hawwen, nei oanlieding fan it resint bieden fan in poadium foar in meidogger fan ús. Sjoch oerlis hjir (ûnder Yn 'e W.). --PiefPafPier (oerlis) 24 feb 2017, 09.37 (CET)