Springe nei ynhâld

Oerlis:Hûs fan de Nederlannen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Bêste Drewes, ik haw ek in skoftsje socht nei oft it Nederlân of Nederlannen wêze moast. As de Dútser it oer "die Niederlande" hat, hat er it oer Nederlân en net mear oer de Nederlannen, wylst "die" soks wol ynjout. Boppedat is de namme pas yn 1989 oan it hûs jûn en wiene wy Belgje doe al in moai skoftke kwyt. Dat dêrom haw ik keazen foar it "Hûs fan Nederlân". Graach ek reaksjes fan oaren.Yn 'e Wâlden 27 jul 2011, 15.48 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw der ek op sitten te stinnen, mar keazen foar Nederlannen fanwege tsjinstferliening oangeande Nederlân en Flaanderen. Op nl: en nds: brûke sy ek it meartal. Dat sa dwaande. Groetnis, Drewes 27 jul 2011, 16.53 (CEST)[beäntwurdzje]
Foar beide redenaasjes is genôch te sizzen. Ik stel út om de foarm "Hûs fan Nederlân" derút te heljen en konsekwint mei "Nederlannen" te wurkjen. Yn 'e Wâlden 28 jul 2011, 10.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Foar Nederlanners is de Dútse taal al goed tagonklik, foar Frysktalige Nederlanners nochris de helte better.Hoe sa? Wa seit dat? Dit sizzen freget om in boarne. Drewes 28 jul 2011, 18.28 (CEST)[beäntwurdzje]

It is in wat frije manier om te sizzen, dat de trije talen tige oaninoar besibbe binne. De sprekkers fan dy trije talen witte soks. Jo soene sizze kinne, dat it in "understatement" is. Dêr is liket my gjin boarne foar nedich. Of meie wy de lêzers, lês hjir studinten, gjin entûsjasme oanrikke. Yn 'e Wâlden 28 jul 2011, 21.14 (CEST)[beäntwurdzje]