Springe nei ynhâld

Oerlis:Fryslân yn de Midsiuwen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Goed stuk wurk, mar it kin fansels noch better. Ferskaat:

Keningen
Is der ek in primêre boarne dy't oanjout dat de lieders fan de Friezen "kening" wienen? Dat past better by in ryk dat laat wurdt troch in Keizer as by in folk dat frij wêze wol.
804
Binne dy ûntwikkelings by tafal? De lêste Friezen wurde oermastere en sjoch: krekt itselde jier wurde hja frijsteld fan militêre tsjinst. Ik tink net dat ús lêzer dêr oan wolle sille.
Feodale hear
Wêrom hienen de Friezen gjin feodale hear wylst hja ta it Hillige Roomske Ryk hearden?
Emsinger rjocht
Is hjir in oarspronklike ferzje fan beskiber dy't op Wikiboarne delset wurde kin?
"De folgjende gearkomste soe yn Grins wêze."
Hat der in 1328 in Pinkstertiisdei yn Grins west? Of is dat allinnich in oare beslissing dy't tagelyk mei it stêdrjocht fan Appingedaam naam is, en dêr't wy net mear oer witte? Of wie dat in tuskenfoegde gearkomste?
Greven fan Fryslân
Der mei dan frijheid fan militêre tsjinst west hawwe, mar der wienen ek greven fan Fryslân. Wy soenen de partijtiid, mei (yn Westerlauwersk Fryslân) syn twa partijen en de greven, faaks as in tredde perioade behannelje kinne. Dat makket de perioaden ek wat lykwurdiger.

Aliter 25 jan 2008, 03.04 (CET)[beäntwurdzje]

Antwurden

[boarne bewurkje]

Tige tank foar it neilêzen fan de side.

Ynlieding
Wat is in koarte tiid ? Fan 'e 6e ieu oant 734, dêrnei wienen der noch frije Friezen dy't har by de Saksen oansletten (oant 804). Ik bin der tige grutsk op, dus neat gjin drokte en net al te dimmen skriuwe. Ik haw ek problemen mei 'it' Fryslân. It Fryslân fan it jier 600 wie 700 jier letter gâns oars. Dêrom skreau ik fan Dizze side jout in oersjoch fan Fryslân yn de Midsieuwen. Kening Aldgilles
Wat is koart? In pear hundert jier op in milennium. De rest fan de tiid foel it ûnder de keizer, al as net streekrjocht. Mar wat wy besykje moatte foar de ynhâldstabel te skriuwen is de ynhâld yn it koart. Wat ik skreau wie in oanset, om't ik tink dat wy better dwaan kinne as "Dizze side giet oer wat der yn 'e titel stiet." Ien dy't allinnich de ynlieding lêzen hat, moat in idee hawwe fan de rest fan de side; dan hawwe wy in goede ynlieding. Hoe dogge wy dat hjir? Aliter 26 jan 2008, 04.18 (CET)[beäntwurdzje]
Keningen
Ornaris prate wittenskippers fan keningen. Omdat dy dêrfoar studearre ha en ik gjin skiedkundige bin folgje ik harren foarbyld. Ik haw wol boeken fan wittenskippers dêr't dy Fryske lieders as keningen omskreaun wurde, mar hoe en wêrom is net iens fan belang omdat yn elk stik sa skreaun wurdt fan keningen. Kening Aldgilles
Dat is om't der op Skiednis_fan_Fryslân#Keningen wat oars oer skreaun wurdt. Aliter 26 jan 2008, 04.18 (CET)[beäntwurdzje]
804
Ik hie yndie in flater makke by de sin oer de militêre tsjinst. Ik hoopje dat it no wat dúdlik wurden is. Kening Aldgilles
Ach, ik hie tocht dat der faaks in gearhing west hie dy't wy noch opnimme moasten. Ja, dit is dúdliker. Aliter 26 jan 2008, 04.18 (CET)[beäntwurdzje]
Feodale hear
Fryslân hie gjin feodale hear. De haadlingen hoeden en noeden de kontakten mei de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Kening Aldgilles
Ja, mar wêròm wie dat dan sa. Wy hawwe krekt sein dat der earst keningen wienen. Dat wy kinne net gewoan mar sizze dat Friezen gjin feodale hear hienen; wy moatte sizze hoe't hja dy kwytrekke binne, as, dat net bekend is hoe't dat bard is. Aliter 26 jan 2008, 04.18 (CET)[beäntwurdzje]
Emsinger rjocht
Dat Emsinger rjocht soe wol in plak krije kinne op wikiboarne, mar dan moat de folsleine tekst derop. Ik wit net oft dy tekst al oerset is nei it Nijfrysk. Dêrom lit ik it sa mar. Kening Aldgilles
Foar Wikiboarne hoecht der gjin Nijfrysk by; der binne hjir mear Aldfryske teksten. Aliter 26 jan 2008, 04.18 (CET)[beäntwurdzje]
"De folgjende gearkomste soe yn Grins wêze."
dat hie ik fan de Dútske wiky. Ik haw lykas op de Dútske wiky no ek in ferwizing nei de boarne makke. Kening Aldgilles
Dat is dúdliker foar de wittenskipper. Mar de lêzer wol gewoan witte wêrom dy iene sin dêr stiet. Kin it wêze dat 1327 de lêste gearkomste by de Opstalsbeam wie? Aliter 26 jan 2008, 04.18 (CET)[beäntwurdzje]
Greven fan Fryslân
Soest miskien wat mear fertelle kinne oer de greven fan doe. Mar der wie gjin tredde perioade. Benei alle boeken skriuwe fan de ein fan de Fryske frijheid yn 1498. Kinst de perioade fan de strideraasje yn de tiid fan de Fryske frijheid wol beskriuwe mei in sub-seksje. Oars is net mooglik. Kening Aldgilles
Uteinlik is dit net de side oer de Fryske Frijheid, al spilet dy al in grutte rol. Yn Skieringers_en_Fetkeapers#De_Fryske_frijheid wurde de Greven as in apart tiidrek neamd, likernôch deselde tiid as de Opstalsbeam. Dat tiidrek soe dan hjir ek wer weromkomme kinne.
De ein
No seach ik dat der ynienen oer de Nederlânske tachtichjierrige kriich skreaun wurdt. Dat Fryslân dêrnei wer wat selsstannigens weromkrijt is fansels aardich om te witten, mar wy binne dan al twa stapkes fan it ûnderwerp ôf. Dan kinne wy better in stikje skriuwe oer it Fryslân as autonoom gebiet binnen it Keninkryk fan de Feriene Nederlannen. Fraach: Soe East-Fryslân dan wichtiger wêze? En wêrom wurdt dat wol beskreaun alhoewol't it nei it jier 1500 is? Antwurd: East-Fryslân is likegoed wichtich, net mear en net minder. Mar dy sin tsjut oan dat East-Fryslân selsstannich bliuwt (in fuortsetting fan de Fryske frijheid, mar dat wurdt net mear sa neamd). It hat in direkt ferbân mei dat stik tekst wat de Fryske frijheid beslacht. It stikje tekst oer Grutte Pier is ek fan belang. Dat hat ek in direkt ferbân mei de Fryske frijheid.

Freonlike groetnis Kening Aldgilles

Grutte Pier hie ik oanpast om't er der wat sneu op stie; it koart opnimmen fan fierdere ûntwikkelings fyn ik net sa'n probleem: der steane gjin einbuordsje nêst de tiidline. East-Fryslân hie in gruttere selsstannichens, mar frij wie it net; de haadlingen wienen ta greven wurden. Aliter 26 jan 2008, 04.18 (CET)[beäntwurdzje]