Oerlis:Fryske kultuer
Bêste minsken,
Fryske kultuer is in wiidweidich begryp. Yn ús provinsje is der sprake fan in Fryske kultuer. Mar no de komplekse sitewaasje. Yn Noard-Fryslân en East-Fryslân is ek in Fryske kultuer. Der binne net folle oerienkomsten. De grutste oerienkomst is dat de Fryske kultuer yn elke Fryske regio hiel bot op himsels stiet. De kultuer fan de Klaai en dy fan de Wâlden is al hiel oars as men allinnich al nei de sport sjocht. Ik soe de definysje wat rommer omskriuwe wolle. Men kin net alle Fryske lannen of allinnich de provinsje Fryslân beskriuwe. Men soe dêr wat oer skriuwe kinne. Dêrnei kin men oanjaan dat men it inkeld oer de provinsje hat, of oer alle Fryske gebieten. Ik tink dat de opset fan de Skiednis fan Fryslân ta foarbyld wêze kin. --Kening Aldgilles 7 des 2010, 20.51 (CET)
- It idee om op in side oer in Fryske kultuer dy kultuer yn it miene earst te beskriuwen en dan letter, leger op de side of op oare siden, spesifikere beskriuwings te jaan, dêr kin ik my wol yn fine. It foarbyld fan de Skiednis fan Fryslân kin ik my minder yn fine:
- It liket my dat in titel foar in side oer de skiednis fan alle Friezen earder Fryske Skiednis wêze soe.
- De struktuer fan de side is skynber sa min dat earst sein wurde moat wêr't it oer giet.
- Der wurdt in oersjoch yn de kantline brûkt fan saken dy't fierder nei lofts yn de ynhâld ek al neamd wurde.
- De side is goed wat te lang.
Dat ik hie leaver in oare útwurking. Aliter 8 des 2010, 00.07 (CET)