Oerlis:Friezen
Moin. Könen ji dit Ofbyld bruken? Termo
- Dat Aafbeèld es jo-a nit schleit. Mer 'n po-ar Ensjrift'n weurn haej te broe-aken. We van önk keun dat maaken? -- 87.161.120.95 27 okt 2007, 16.46 (CEST)
Nije Friezen
[boarne bewurkje]Einliks soenen wy yn it artikel mear oandacht bestede moatte oan de term Nije Friezen. Hieltyd faker dringt it besef troch dat de alde Fryzen sa om-ende-by 300 n. Kr. feitlik Fryslân ferlitte hawwe. Alle argeologyske fynsten út dy tiid wize derop dat de bewenners doe massaal foartlûke binne, útsein yn it súden fan Noard-Hollân dêr't yn de omkriten fan it IJ der't de bewenning wol troch giet. Nei alle gedachten emigrearren de Ald-Friezen út Fryslân en Grins nei it Romeinske ryk omdat sûnt dy tiid sprake is fan in bewenningshiaat. De Nije Friezen komme eare oars foart, fermoedlik út Denemarken of Noard-Dútslân. Ja, it is wol wat nuver, mar dan soenen de Amsterdammers einliks de echte Friezen wêze en is it Nederlânsk dus Frysk? --Geoffrey 23 jun 2008, 23.29 (CEST)
- Der is ien probleem mei dat hiaat: de lju dy't der mei oankomme ferjitte altiten sjen te litten dat út it spoarehiaat folget dat de bewenners allegear fuortgongen en net werom kaam binne. Sjoch, ûnder Dúntsjerk II/Tyl 2 binne der skynber net folle spoaren, mar at der hjir nimmen libbe dan hienen der hielendal gjin spoaren weze moatten. At de Frisii nei it súden gongen om droege grûn te finen, dan wie der doe't hja dêr wienen gjin reden om mei syn allen mei te dwaan oan it ferbûn fan de Franken en fierder fuort te loeken, dat dan soenen de lju ek grif werom lutsen wêze doe't it wetter dat wer tastie.
- Dat ferhaal fan dat Skandinavyske komôf, oan de oare kant, is prachtich, fansels, mar ik leau net dat der in protte archeology is dy't it stipet. Der binne al oerienkomsten mei de ynwenners fan Drinte en Hollân, tocht ik, mar dêr bin ik net hielendal wis fan; ik kin in millennium mis wêze.
- Fansels, it hiaat mei alle teoryen der oer hat syn plak op de wikipedy. Fansels kinne wy oandacht besteegje oan teoryen oer Alde en Nije Friezen. Mar oant der in nije Delahaye komt dy't net begjint mei te sizzen dat eltsenien it ferkeard hat, sil it net tafalle in dúdlik byld fan dy tiid te krijen. Mysha
- De ôfrûne jierren liket de it ferhaal, mank mei it folkeferfarren, net iensen sa wis mear. It liket my ek wat nuver ta dat de Friezen ynienen fuorttein binne. Der is grif in lytse groep efterbleaun, sjoch mar nei de fynsten út dy tiid. No bin ik fansels gjin argeoloach, mar wie der ôfrûne jier op 'e klaar net in ôfgraving dêr't saken fûn binne fan tusken 300 en 500?? It is moai wis dat hiele folksgroepen benoarden de grins fan it Romeinske Ryk nei oare lannen teagen, dus skriuwe dat der doe gjin Friezen mear wennen yn Fryslân is neffens my net korrekt. 24 jun 2008, 19:17 Kening Aldgilles
- Ik bin fansels ek gien autoriteit op it mêd, mar juster ha ik noch in hiel stik lêzen oer de opgravings dy't plakfûn hawwe by de nije rûnwie by Snits. It docht bliken dat ek fierders Fryslân yn, dus net allinnich op 'e terpen, mar yn 'e turfgebieten, sa as by Snit, de befolking massaal fuortlutsen is. Ik fyn it wol nijsgjirrich om hjirre mear fan te witten te komen. --Geoffrey 24 jun 2008, 19.32 (CEST)
- De ôfrûne jierren liket de it ferhaal, mank mei it folkeferfarren, net iensen sa wis mear. It liket my ek wat nuver ta dat de Friezen ynienen fuorttein binne. Der is grif in lytse groep efterbleaun, sjoch mar nei de fynsten út dy tiid. No bin ik fansels gjin argeoloach, mar wie der ôfrûne jier op 'e klaar net in ôfgraving dêr't saken fûn binne fan tusken 300 en 500?? It is moai wis dat hiele folksgroepen benoarden de grins fan it Romeinske Ryk nei oare lannen teagen, dus skriuwe dat der doe gjin Friezen mear wennen yn Fryslân is neffens my net korrekt. 24 jun 2008, 19:17 Kening Aldgilles
Fout op pagina
[boarne bewurkje]Onder kopje "Taal" staat "[[Midfrysk BEFORE KASPER MOVED TO OMMEN, HE HAD ONLY SPOKEN FRYSIAN", als gevolg van vandalisme.
Dit graag aanpassen naar Midfrysk zoals oorspronkelijk werd bedoeld. Kan niet zelf aanpassen ivm beveiliging.
PieterJanR (oerlis) 22 mrt 2020, 16.07 (CET)
Bewurking fan side blokkeart?
[boarne bewurkje]Wûnderlik dat bewurking fan de side blykber blokkearre is, ek foar betûfte wikipediabrûkers. Ik besykje om de ûnderlinge links tusken de wichtichste siden oer Fryslân yn de meast relevante talen op 'e nij te organisearjen. Benammen omdat de siden dêr 't Fryslân oer it algemien (c.q. de Friezen as etnyske groep) en de provinsje Fryslân yn it bysûnder (mei syn bewenners) trochinoar rinne. dit soarget foar problemen, omdat se ynternasjonaal net goed yn te passen binne. Ik soe graach wat "sjoch ek" linkjes oanpasse wolle. Mar foaral: boppe oan de side in fermelding: "sjoch de side Westerlauwerske Friezen (of noch better: Friezen (provinsje Fryslân) foar de ynwenners fan de provinsje Fryslân." Sjoch it oersocht Friesland en Groter Friesland. Otto S. Knottnerus (oerlis) 17 apr 2024, 21.51 (CEST)
- Blokkade opheft. Drewes (oerlis) 17 apr 2024, 21.56 (CEST)