Oerlis:Fokko Ukena
- Fokko Ukena hat tom Brok (of tom Broke?) wol ferslein yn de Slach op de Wylde Ikers. Fokko ferlear syn hearskappij oer East-Fryslân troch it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen.
- Ik tocht dat de Likedielers (de piraten) en East-Fryslân mei-inoar gearwurken. Wêr kin ik de boarne fine dat Fokko Ukena mei de Hânze tsjin de Likedielers focht? Miskien fersin ik my, mar ik leau dat it net goed is wat der no stiet.
Groetnis --Kening Aldgilles 12 jan 2011, 18.26 (CET)
Bydrage fan Poike
[boarne bewurkje]Hjirûnder in bydrage fan Poike dy't ik fan de side ôfhelle haw. Miskien dat ien dêr noch nei sjen kin/wol? Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 25 jul 2012, 14.50 (CEST)
Wat faeken net sjoen is, is dit: dat de Focko Ukena keuren in nei en folslein lanrjucht oankundigje. Omdat de oanklage minsken net mear bigrepen hwer om oft se foraordiele waerden. Nou binne der in stik of fjouwer âlde Lânrjuchten dy't yn hiel koarte biwurdingen steld binne. En allegearre om of nei 1250. Nijere fersijs net sjoen út bijgelyks Fivelgoa der't Focko Ukena op't lêst wenne. Dy âlde lânrjuchten hawwe in frijwol gelyk fan foarm. Namentkik de "si Quis"-foarm. Sa as yn it latyn wenst wie. Yn codex Humercensis is der noch in Latynsk part fan it Fivelgoaer rjocht. Nei trije hûnder jier mocht der neffens Focko Ukena dus wolris wat oan dien wurden. It nije lânrjucht dat er oankundigt sil opsteld wurde troch trije geastliken en trije leken. Nou is der mar ien oar lânrjocht dat him net oan de casuistyk fan "si Quis" hâldt, dat âlder neamd wurdt. Mar fergelykje mei de Lex Frisionum : dat stik hat ek de "si Quis " foarm. Dat soe wolris de deastek wêze kinne foar de alfte iewske datearring fan dat lânrjocht (fan de 17 keuren): de "Si Quis" foarm waerd doe noch brûkt. Dan komt de fraech op, Is dy datearring soms ferkeard. Is de kasuïstyk, mei safolle foarwaerden omjown, net in nijer ferskynsel? Hat it wat mei Focko to meitsjen? Hat ien hjir alris nei sjoen? Hwa't it wit mei it sizze. ôfstj. Poike.