Springe nei ynhâld

Oerlis:Eastmahorn

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Om't De Skâns siket om in postkoade, hat de Topografyske Wurkgroep Fryslân de nammen ek efkes tsjin it ljocht holden. Dêr kaam út dat de namme Oostmahorn nea offisjeel ferfryske is. Dat kaam om't de minsken yn de krite dat part fan de namme nea brûkten. Dy fiele har Skânsers. Dy Skânsers hawwe it partsje Oostmahorn fan de totale namme 'De Skâns Oostmahorn' net brûkt, dat dienen de Nederlanners, de oaren. De Skâns, sa't it yn de krite sein wurdt is nea 'De Schans' wurden en Oostmahorn, sa't dy troch de Nederlânske steat brûkt waard om it ferskaat oan skânsen op de kaart te ûnderskieden, is nea echt ferfryske. Ik stel dan ek út om hjir de namme De Skâns te brûken en yn de tekst de folsleine namme 'De Skâns (Oostmahorn)' te skriuwen. De namme Oostmahorn is wol yn it Eachsters, de taal fan it eilân oerset: Aistmeherne en Aistmaherne.Yn 'e Wâlden 8 okt 2007, 08.50 (CEST)[beäntwurdzje]