Oerlis:Earste krystdei

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wat hjirfan heart op Joel, wat op Kryst en wat heart der net yn om't it optocht is? Aliter 17 des 2009, 19.52 (CET)[beäntwurdzje]

Joel is neffens my it fiere fan it langer wurde fan de dagen. Kryst is it betinke fan de berte fan Jezus.--J'88 17 des 2009, 20.05 (CET)[beäntwurdzje]

(IT fiereN, IT wurdeN, IT betinkeN) Ja, dat soe ik ek sizze. Dat, faaks wienen dy parten better te plak op dy siden. Sels wol ik der leaver neat oan dwaan, om't ik net fan alles sizze kin at it wier sa is. Mar jo witte der faaks mear fan, dat jo soenen it makliker skowe kinne. Aliter 17 des 2009, 22.24 (CET)[beäntwurdzje]

(IT fiereN, IT wurdeN, IT betinkeN): Ik sil der op lette. Jo witte, myn stavering is net al te best, mar ik lear eltse dei. Tank.
Ik haw it sa oersetten fan it Nederlânsk. No is dat ek net altyd wier wat der op dy wikipedy stiet, mar ik haw my mar fêsthâlden oan wat dêr stiet.--J'88 17 des 2009, 22.55 (CET)[beäntwurdzje]