Oerlis:Drait (wetter)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Nochris wat. Wy hawwe in stikje Ald Drait en Drait, mar it giet om ien en itselde rivierke. Drewes 9 apr 2010, 22.43 (CEST)[beäntwurdzje]

Sjogge jo kâns it yn elkoar te skowen mei in redirect?--Swarte Kees 9 apr 2010, 23.14 (CEST)[beäntwurdzje]
Moai dat jo dêr ris nei sjogge. Yndie, yn it fjild is it wat oars as wat hjir stiet. Drait (wetter) soe gâns it rivierke wêze moatte, mei alle skiednis dy't dêr oer te skriuwen is. Dan is de Alddrait de min-ofte-mear natuerlike boppenrin, en de Nije Drait de kanalisearre ûnderrin. It ien en oar fansels mei oanslutende wetters, dêr't ek noch wat mis is. Soe Theun hjir noch in wetterkaartsje oer hawwe? Aliter 10 apr 2010, 00.14 (CEST)[beäntwurdzje]
Gelykstelle kinne wy it fansels net, want it Alddraai rint net troch oant de Sanning. In noardlikste stik is ommers it Nije Drait. Oan de oare kant koe op De Drait faaks ek dat stikje oer in wetterke dêr't dat oan ûntstien is. Aliter 12 apr 2010, 22.25 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw it ien en oar feroare. Ynhâld 'Nije Drait' fourtsmiten: wie ferkearde ynfo; it lemma fia in REDIRECT opnaam yn Drait (wetter). Ik bin noch net útpraat oer de Drait, mar wachtsje op nije ynfo. Drewes 13 apr 2010, 17.31 (CEST)[beäntwurdzje]