Oerlis:De Swiete Hoannen
Appearance
Kinne we de biografy fan de thússide oernimme? B.
- 1 Der stiet net dat dy frij beskikber is, dat jo sille it earst freegje moatte.
- 2 It is net de dúdlikste biografy dy't ea skreaun is, dat ik wit net of it foar ien dy't wat mear wit oer dy groep net likemaklik is en skriuw in eigen tekst mei de feiten fan de side. Aliter 18.35, 15 dec 2003 (UTC)
Ik nim oan dat dj Keu as lid fan it selskip dit pleatst hat, en dat der dêrmei tastimming foar it letterlik oernimmen fan dizze tekst is. B.
- Ik hie al skreaun dat dat net wie hoe't ik in webstee sjoch, mar no wit ik net mear of dat de strekking wie. As de strekking wie dat er it op ús side delset hie is it fansels oars. Aliter
- Ik ha de tekst net pleatst, mar wit as lid fan De Swiete Hoannen dat de tekst hjir pleatst en bewurke wurde mei. It giet op dit stuit te fier om te sizzen dat de tekst frij beskikber is, dizze tastimming jilt foarearst allinnich foar de Wikipedy.
- As jim 'offisjele' tastimming wolle, stjoer dan mar in mailtsje. Ik wol it mailadres hjir leaver net neame, om spam te kearen.
- dj Keu
- Ik sil der foar no eat by sette dat it net ferspraat wurde kin, mar fansels binne ús siden rjochtenfrij, dat we moatte hjir al wat op fine. Aliter 23.56, 16 dec 2003 (UTC)
Ik ha it der mei de oaren oer hân, en de tekst fan de biografy is frij. De rest fan de Swiete Hoannen-side yn't koart ek tink ik, mar dat komt letter.
Ik helje de warskôging oer it net meie ferspriede fan de tekst der wol ôf.
dj Keu
Oerlis begjinne oer De Swiete Hoannen
Op oerlissiden beprate meidoggers hoe't se de ynhâld op Wikipedy perfekt krije. Jo kinne dizze side brûke om mei oaren te oerlizzen oer de mooglike ferbettering fan De Swiete Hoannen.