Oerlis:De Kúnder

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Kúnder / De Kúnder[boarne bewurkje]

Wy hawwe al Kuunder fas Stellingwerfske beneaming foar de Tsjonger. No twifelje ik efkes oer Kúnder of De Kúnder foar it doarp. It stiet my sa by dat ik faker it stikje De derfoar sizzen hear. It leit úteinlik bûten Fryslân, dat in offisjele Fryske stavering is der net. Wa soe hjiroer rie skaffe kinne?--Swarte Kees 3 nov 2008, 23.01 (CET)[beäntwurdzje]

Doe't ik de side oer De Tsjonger skreau, doe haw ik dêr gewoan "De Kúnder" brûkt as namme fan it doarp. (Ik nim oan dat ik doe de Kúnder skreau, om't de Fryske Akademy noch net fêststeld hie dat it lidwurd yn de namme altiten mei in haadletter is.) Hoe't dat no krekt wurden is mei Kuunder, wat Oertsjongersk is, dat wit ik net, mar ik nim oan dat it hieltyd noch 'De' is. It is perslot in -er-namme. Aliter 3 nov 2008, 23.49 (CET)[beäntwurdzje]