Springe nei ynhâld

Oerlis:Dûbelskiif

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Moat dit net gewoan DVD wêze? By de side oer CD kin ik my noch yntinke dat dat oerset wurdt nei Kompaktskiif, mar om hjir no in frysk wurd foar te betinken, ik soe't net dwaan.
Sa as ik begryp is DVD gewoan de offisjele namme, dit wurdt dan wol oantsjut as ôfkoarting fan Digital Video Disk as no meast Digital Versatile Disk omt der ek mear as allinne fideo op past.
De namme dûbelskiif kin ik my neat by yntinke as doele jo hjir op spesjale DVD's dy't oan beide kanten yn twa lagen (double layer) beskreaun wurde kinne. De measte foarbespiele DVD's binne fansels mar oan ien kant bespiele en hawwe de ynformaasje mar yn ien laach. Neat dûbel oan dus. Ik soe foarstelle hjir gewoan DVD fan te meitsjen. Theun 3 okt 2007, 20.38 (CEST)[beäntwurdzje]

De namme dûbelskiif draait al in skofke mei dat dy hoecht net mear in probleem te wêzen. Om't dit de Frysktalige Wikipedia is, bin ik der grut foarstanner fan om it Fryske begryp te brûken en yn de earste sin fan de Wiki de Ingelske namme oan te heljen. Sa hoege jo net hieltiten de Ingelske namme te brûken by it ferwizen en kinne jo de Wikipedia sa Frysk mooglik hâlde. It begryp dûbelskiif njonken de kompaktskiif is in pear jier lyn yntrodusearre om't de dûbelskiif út soarte wol in kompaktskiif is mar op syn minst twa lagen hat. Somtiden oan beide kanten ien laach en ek wol twa lagen oan ien kant, somtiden twa kear twa. Dy lagen kinne tagelyk lêzen wurde en dêrom is de kwaliteit fan it einprodukt ek safolle better. Soks bart mei twa ljochtstrielen wêr't de refleksje tagelyk fan opfongen wurdt. Dus ek de 'gewoane' DVD hat twa lagen opinoar. By eintsje beslút binne ek de nammen Internet en Wikipedia eigennammen en dy sette wy yn it Frysk mei Ynternet en Wikipedy oer.Yn 'e Wâlden 4 okt 2007, 11.23 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw al in redirect makke fan DVD nei Dûbelskiif.Yn 'e Wâlden 4 okt 2007, 16.24 (CEST)[beäntwurdzje]
No kin it oan my lizze mar ik haw dochs ek it idee dat foar de komst fan de dûbellaachs skiven yn 2004 alle DVD's mar in inkele laach hiene en fierwei de measte DVD's wurde no ek lykas de kompaktskiven mar oan ien kant brûkt. It meast brûkte formaat is de DVD fan 4,7 GB, en dy hat ien laach oan ien kant. Dus it dûbel yn de namme kloppet neffens my gewoan net yn de measte gefallen.
Dat de namme al in skoftke meidraait yn jo wurdlist dat wol noch net betsjutte dat dit wurd ek brûkt wurd (oars as Kompaktskiif). Sjoch ek ris by de ynterwiki fan DVD (ûnderoan). Alle talen dy't hjir in side oer hawwe (mei itselde skrift) brûke gewoan de ynternasjonale ôfkoarting/namme DVD. Dit ferskilt fan de siden oer de Kompaktskiif wêr't hast eltse taal in oersetting fan it ingelske Compact Disc hat.
It foel my ek op dat Aliter, dy't ek leafst goed Frysksinnich op de side oer Kompaktskiif hjir DVD brûkt hat. Spitigernôch net sa bot mear aktyf hjirre oars soe wie ek noch efkes hearre kinne hoe at hy der oer tinkt.
Noch efkes koart de eigennamme fan it ding is DVD, at wy dat yn it frysk staverje dan wurdt dat ek DVD. De betsjutting dy't yn it ingelsk oan DVD jûn wurdt is net offisjeel. En dûbelskiif is ek fan dy betsjutting (Digital Video/Versatile Disk) gjin oersetting, en dat dûbel hoewol dat hiel inkeld sels dûbel jild giet it foar de measte DVD's net op. Theun 4 okt 2007, 21.08 (CEST)[beäntwurdzje]
Theun jo koenen best wol gelyk hawwe dat ús namme dûbelskiif krekt sa min rjocht hat as de Ingelske útlis fan de trije letters. Ik sil der efkes djiper yn duke.Yn 'e Wâlden 5 okt 2007, 21.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Krityske opmerkings skerpje de oersetter. Ik haw de tekst oanpast en de redirect omdraaid. Yn 'e Wâlden 6 okt 2007, 15.32 (CEST)[beäntwurdzje]