Springe nei ynhâld

Oerlis:Austraasje

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik leau net dat it allegear presys kloppet mei dy opdielings en ferienings, mar kin dat ek net better op de side oer it Frankyske ryk? Mysha

As it neffens dy allegearre net klopt, dan moate wy ris der by del wat net kloppet en oanpasse. Do hast lyk dat it by it Frankyske ryk heart mar ik fien wol dat dit ûnderwerp rjocht hat op in eigen artikel. --Geoffrey 6 feb 2007, 21.48 (CET)[beäntwurdzje]

No, neffens my is it Frankyske ryk wol trij of fjouwer kear opsplitst, alle kearen wer om't it Sallyske rjocht dat easke. (Dat rjocht wie út in tiid dat der gjin lân te ferdielen wie, dat dêryn waard sein dat alle besit opdield wurde moast tusken alle soannen.) Dat dan waard it ryk opdield tusken Austraasje, Neusterje-Parys, Neusterje-Soisson(?) en Boergonje, of ek wolris yn allinnich Austraasje en Neusterje. Dat is neffens my pas opholden doe't de Pippinen oan de macht kamen, om't der doe sa'n protte Saksysk gebiet by ferovere wie/waard dat der doe opdield waard tusken ít Frankyske part en it Saksyske part, mei de Ryn as grins.

Ik doch dit no efkes út de holle, mar faaks hawwe de oare wikipedyen der mear oer. Mar dan soe op dizze side de klam komme kinne op yn hokfoar tiden en ûnder hokfoar keningen der in Austraasje wie, en hoe't dat nei it easten útwreide waard, wylst by it Frankyske ryk mear oer de trochgeande skiednis sein wurdt. Mysha

Ik kin hjir wol yn meikomme, meitsje der mar wat moois fan.--Geoffrey 7 feb 2007, 16.38 (CET)[beäntwurdzje]