Springe nei ynhâld

Oerlis:Antonides teologen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Geslacht

[boarne bewurkje]

Ik begryp, dit moat in side wurde oer in geslacht Antonides, dêr't it protte leden teologen fan binne.

Fansels moat der dan noch in tekstpart komme, mei dêryn wêr't it geslacht wei komt, wêrtroch it him rjochte hat op de teology, en wat er mar mear oer it hiele geslacht sein wurde kin.

Wat wy no hawwe wurdt dan in list mei leden teologen fan dat geslacht. Dy wurde dan elts op in side beskreaun, en hjir komt genôch ynformaasje om se útelkoar hâlde te kinnen. Ik haw de side dêr al wat oan oanpast. Ik haw dêrby it folgende dien:

  • Begjin oanpast oan behanneling fan geslacht.
  • Eltse Antonides in yngong fan de list makke. Dêrby de measte feiten as tafoegings. Ik haw de boeken noch by elts fan de persoanen stean litten, mar dy binne fansels gjin part fan it geslacht. As der gjin dúdlik ferbân is, soenen se allinnich op de siden fan de persoanen komme.
  • Wat oersettings.
  • "Nardenus" korrigearre nei "Nerdenus", om't alle boarnen dy't ik fûn haw dy spelling hawwe.
  • Opmaak wat oanpast.

Aliter 01.43, 27 apr 2005 (UTC)

Ik haw de persoansbeskriuwingen, mei de boeken, ôfsplit, om't der mei de boeken dy ik tafoege tefolle ynformaasje om de nammen hinne kaam. (Der stiet noch ien boek yn in kommentaar op de side, om't ik net wit wa at de skriuwer is.) Aliter 01.12, 28 apr 2005 (UTC)

Antonius Petri

[boarne bewurkje]

Wit immen wêrom Antonius Petri gjin Antonides hjit? Aliter 01.43, 27 apr 2005 (UTC)

Ik haw no de yndruk dat Antonius Petri de nammejouwer is fan de hjoeddeiske Antonides-en yn de list. Mar dat betsjut dat net eltsenien part is fan dit geslacht. Benammen hat dizze famylje dan gjin ferbining mei de teoloog Antonides van der Linde. Ik wit net at der genôch geslacht oerbliuwt om dizze side te hâlden. Aliter 01.12, 28 apr 2005 (UTC)