Oerlis:Anna Maria fan Schurman
Appearance
Anna Maria ûntwikkele har ek yn de keunst. Se produsearre gravueres. Dit dy se troch mei diamant op glês te skrassen. Se waard in ekspert op it gebied fan byldhâlden, wie moddelering en snijen yn ivoar en hout. Se skildere en dan benammen portretten.
It wurd 'moddelering' yn dizze alinea begryp ik net.--romke fan tomke 16 okt 2007, 12.48 (CEST)
Hoi. Ik bedoelde it meitsjen fan moddelen fan bijewaaks. Ik probear it no te ferbetterjen. Groet Jelle 16 okt 2007, 20.30 (CEST)
It minske hite net "Van Schuurman", mar "Van Schurman" - mei ien U. Is der ek ien dy't de titel dêrneffens oanpasse kin? 86.81.169.144 2 maaie 2009, 16.38 (CEST)
- Neffens de boarnen by it artikel oer har op de Nederlânske Wikipedy hjitte se yndied Van Schurman, dat ik sil de titel feroarje. Dat is oars net sa dreech en jo kinne it sels ek: dêrfoar is it knopke werneam boppe-oan de side. Wutsje 3 maaie 2009, 14.49 (CEST)
- Sa'n knopke krij ik der net foar. Dêr moatte je tink in account foar ha en ik bin mar in losse foarbyfytser. Ik sjoch no trouwens dat it "Fan Schurman" mei in F wurden is. Dat liket my in flaterke ta. 86.81.169.144 3 maaie 2009, 15.27 (CEST)
- Ja, dat jo sa'n knopke net hawwe, dat wie ik efkes fergetten. Wat de namme oanbelanget: se waard al "fan" neamd, dat haw ik dêrom mar sa litten. My is it fierder om it even. Ik nim oan dat oaren dit ek wol lêze en harren miening jaan sille. Wutsje 3 maaie 2009, 15.45 (CEST)
- Dit is foar Napoleon, dat ornaris soenen wy dit oanpasje oan it Frysk, om't de minsken fan dy tiid it ek dien hawwe. Op de: is it "von Schürman"; op fy: koe it "fan Skuurman" wêze. Fansels, it is in nuvere namme dat as der is in grûn om it oars te dwaan, dan kinne wy der rekken mei hâlde. Aliter 5 maaie 2009, 00.57 (CEST)