Springe nei ynhâld

Oerlis:17e iuw

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wie de 17e ieu in minne tiid foar Fryslân? --Geoffrey 6 jul 2007, 13.31 (CEST)[beäntwurdzje]

De 17e ieu hat foar de Republiek der Zeven Verenigde Nederlanden in moaie ieu west, in gouden ieu. Op ekonomysk mêd wie yn Fryslân alles wol goed. Mar der binne Friezen stoarn yn it opskuor tsjin Spanje. En de Friezen dienen mei oan slavenhannel, dêr't gjin sûn minsk grutsk op wêze kin. De Friezen stienen ûnder in frjemde hearskappij, de tiid fan de Frysk frijheid wie ommers oer. Dat wie yn 'e 7e ieu wol oars. Fryslân wie ûnôfhinklik, hie in grut ryk, en it wichtichste; se wiene frij. Fan 'e 7 ieu is it bekend dat de Friezen runen brûkten, en der wiene folle mear rykdommen út it Fryslân fan doe. Yn 'e 17e ieu wie der noch in hiel bot libbend frijheidsbewustwêzen. Lykas Wigbolt Ripperda út Grinslân, syn lêste wurden wiene Ik bin bliid om as frije Fries te stjerren. Ik kin noch hûnderten argumintaasjes delskriuwe, de 17e wie net in minne tiid, mar it wie foar Fryslân net de gouden ieu. Kening Aldgilles 6 jul 2007, 14.25 (CEST)[beäntwurdzje]
@ Mysha,
Moai skreaun, dit docht rjocht oan de krektens fan dizze wiki. Kening Aldgilles 6 jul 2007, 14.29 (CEST)[beäntwurdzje]
"Minne tiid" is faaks wat te sterk steld. Dit is in wiki: wa kin, mei wat nuânse tafoegeje? Mysha