Oería de Hettyt
| Oería de Hettyt | ||
| Oería by kening David | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Uriah | |
| berteplak | ûnbekend; fan Hettytske komôf | |
| stjerplak | sneuvele yn e striid by de Ammonityske stêd Rabba (2 Samuël 11:17) | |
| folk | Hettyt | |
| Famylje | ||
| partner(s) | Batsjêba | |
| Bibelske rol | ||
| rol | ofsier yn it leger fan David | |
| perioade | 11e–10e iuw f.Kr. | |
| bekend fan | syn trou; syn dea troch it plan fan David | |
| neamd yn | 2 Samuël 11–12; 1 Keningen 15:5 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Oería de Hettyt (útspr. mei de klam op 'e i; Hebriuwsk: אוּרִיָּה הַחִתִּֽי) is in bibelsk persoan dy't omtrint 1000 f.Kr. libbe. Hy wie in (blykber Hettitysk) ofsier yn it leger fan kening David en de man fan 'e kreaze Batsjêba, dêr't kening David in bûtenechtlike relaasje mei ûnderhold.
It ferhaal yn it Alde Testamint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oería wenne ticht by it paleis fan kening David en hearde neffens 2 Samuël 23:39 by de tritich machtige manlju fan it keninkryk. Wylst kening David ris op in jûn op it dak fan syn paleis wie, seach er in frou dy't har oan it waskjen wie. It wie Batsjêba, de frou fan 'e Hettyt Oería, ien fan syn trouwe ofsieren. Wylst har man mei de Ammoniten focht, liet de kreaze Batsjêba har by de kening roppe en hie mienskip mei him. In skoftke letter die bliken dat Batsjêba swier fan David rekke wie. Om in grut skandaal tefoarren te kommen liet de kening Oería fan 'e kriich werom roppe, sa't hy in nacht mei syn frou trochbringe koe, dan like it oft it Oería sels wie dy't syn frou swier makke hie. It wie allegear moai úttocht: David liet him earst troch Oería ynformearje oer it ferrin fan 'e striid en stjoerde him dêrnei nei hûs om goed te iten en syn frou te geriven.
No wie Oería in tige trou persoan en hy fûn it gjin pas jaan om nei hûs te gean, dêr te iten en te drinken en by syn frou te sliepen, wylst syn maten ûnder drege omstannichheden bûten sliepe moasten. Dêrom wegere Oería om nei syn frou te gean en hy joech him del by de yngong fan it paleis, dat David moast wat oars betinke. Sadwaande hiet er Oería de oare deis yn it paleis te bliuwen om mei him te iten en te drinken. Mar ek nei't David Oería dronken fuorre hie, bleau Oería trou oan syn prinsipe om gjin mienskip te hawwen mei syn frou, wylst syn maten striid leveren mei de fijân.

(Pieter Lastman, 1611)
De oare deis joech kening David Oería in brief mei foar de oanfierder Joäb. Yn dy brief skreau de kening dat Joäb Oería ynsette moast op it plak dêr't it fûlst fochten waard en dat de mannen harren dan ynienen werom lûke moasten, sa't Oería allinnich efter bleau en op it slachfjild stjerre soe. En sa barde it dat Oería by de belegering fan 'e stêd in gefaarlike posysje krige flak ûnder de muorre en yn 'e striid stoar. Doe't David it nijs hearde, reagearre hy lakonyk en sei er tsjin de boade dat dy Joäb mar sizze moast dat er him net tefolle fan 'e saak oanlûke moast: "it swurd rekket dan de iene en dan de oare".
Nei't Batsjêba de gebrûklike routiid yn acht naam hie, troude hja mei David en hja krigen in soan.[1]
De profesije fan Natan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
(Eugène Siberdt)
Dêrmei wie it foar David net ôfdien want wat David mei Oería útfretten hie, wie in grut kwea yn God's eagen. God stjoerde de profeet Natan op David ôf en dy fertelde David in ferhaal oer in rike en in earme man. De rike man hie in grutte keppel fee, wylst de earme man net mear hie as in laam dêr't er hiel goed op paste. Doe't de rike man ris in gast hie, begrutte it him om ien fan syn eigen bisten te slachtsjen en dus naam hy it laam fan de earme man, slachte it en joech dêr syn gast fan te iten. David hearde it ferhaal mei ferbjustering oan en sei tsjin Natan dat sa'n man, dy't gjin begrutsjen mei de earme man hie, net oars as de dea fertsjinne. Doe joech Natan David it leksum en andere er dat hy dy rike man wie; dat de Heare God David ryklik seinige hie en dat hy noch mear krije kind hie, mar dat er dochs it wurd fan 'e Heare ferachte troch Oería de dea yn te jeijen en syn frou fan him ôf te nimmen: "Dû hast him fermoarde mei it swurd fan 'e Ammoniten en dêrom sil it swurd nea út dyn hûs ferdwine, omdatstû my ferachte hast en de frou fan Oería de Hetyt nommen hast".
De soan fan David en Batsjêba stoar al binnen sân dagen. David en Bathsjêba krigen noch in twadde soan: de lettere kening Salomo.[2]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
